Literatuer & Kultuer

 

Op dizze side stean artikels oer literatuer & kultuer dy't ik nijsgjirrich fyn. It is net sa dat ik alles der samar op set, oars wurdt it allegear wol tige wiidweidich. It kin in resinsje wźze fan in boek dat ik krekt lźzen ha of wat oer in skriuwer dźr't ik in boek of boeken fan ha. It is dus net folslein. 'De Pompeblźden' neam ik yn dizze side net, mar der stean altyd stikjes yn oer boeken dy't krekt ferskynd binne of deroan stean te kommen.

 

Ofkoartings: L.C. = Leeuwarder Courant        F.D. = Friesch Dagblad

L.C.; 28 desimber 2007       Tjitte Piebega is juster yn de āldens fan 72 jier yn Frjentsjer ferstoarn. De krante jout omtinken oan de karriźre fan Piebenga en syn bydrage oan de Fryske literatuer. 'In master op gāns wapens' stiet boppe it stikje en dat seit fansels al in hiel soad.

L.C.; 21 desimber 2007       De Fryske literźre tydskriften Hjir en Farsk wolle fusearje. Mei yngong fan jannewaris sille sy gearwurkje en nei in jier wolle sy dan ūnder in nije namme fierder. Ytsje Hoekstra lūkt har werom as haadredakteur fan Farsk, mar dat hat neat te krijen mei de fśzje. Sy wurdt opfolge troch Hjiroprjochter Piter Boersma.

L.C.; 21 desimber 2007       Sietse de Vries skriuwt yn Freed oer śtjouwer Jitske Kingma fan Elikser. In ferhaal oer hoe't it allegear begūn is. Se wol ek boeken yn hiele lytse oplagen śtjaan en dat makket it aardich foar skriuwers dy't noch nea wat yn de merk setten hawwe. Fan de earste tsien boeken wienen der twa Frysktalich. 

L.C.; 14 desimber 2007       Yn Freed besprekt Halbe Hettema it boek fan skriuwer Eppie Dam: 'De skoskerinner: De wei fan Henk Kroes.' It boek wurdt yn twa talen śtbrocht, Frysk en Nederlānsk. It boek giet fansels oer it libben fan Henk Kroes, oer de ālvestźdetochten, syn net altyd bźste ferhālding mei Jan Sipkema en oer alle oare dingen dy't er by 't ein hān hat.

L.C.; 14 desimber 2007       De Afūk is 'kapot belle' om de Frysktalige Suske en Wiske. Yn oerlis mei de provinsje is besletten om de Fryske edysje ek fia de winkels te ferkeapjen.

L.C.; 12 desimber 2007       Suske en Wiske yn 'De Alvestźdestunt'. It wurdt in samlersobjekt. De Fryske ferzje sil net te keap wźze yn de winkel, mar sil śtrikt wurde troch de provinsje oan nije ynwenners. Spitich foar de oaren, mar it boekje is wol te keap yn it Nederlānsk.

L.C.; 12 desimber 2007       Fryske Jongereinsatire. Ein jannewaris komt der in Fryske ynternetside ūnder de namme 'Fynst'. It moat in side wurde dźr't de jongerein stikjes tekst, filmkes en lūdmateriaal delsette kin. It is de bedoeling dat de jeugd oant it 'rāntsje' gean meie. It is in projekt om de Fryske taal te stimulearjen. Mooglik sil dit inisjatyf noch ūtwreide wurde mei oare saken.

F.D.; 8 desimber 2007         Jant van der Weg bespekt in tal boeken yn de Sneinspetiele. 'Moaie ferhalen' fan Machiel Braaksma hellet net it nivo fan syn eardere boek. It nije boekje stelt teloar, hoewol't it der wol moai śtsjocht. Dan leaver nei de ferhalen oer bern fan Eppie Dam: 'Lytse man'. It is in kompilaasje fan ferhalen dy't earder śtjūn binne yn oare bondels. Fierder komt it boek 'Toe no! ferhalen foar bern dy't derom freegje', sammele troch Elisabeth Hietkamp en Arjan Hut oan de oarder.

F.D.; 1 desimber 2007         Jaap Krol besprekt it lźste boek fan Pieter Terpstra "Pieter Terpstra, skriuwer". Doe't Terpstra ferstoar wie it boek noch net klear en it is oan it team fan de KFFB te tankjen dat it boek der no leit. It boek is net in echte biografy. It moat lźzen wurde as in samling oantikens. Syn soan Arjen hat it foarwurd skreaun en dźryn jout er in beskieden ynsjoch yn Terpstra syn djipste wrāld. Arjen en it KFFB team krije de komplimenten fan Krol.

L.C.; 30 novimber 2007      Jetske Bilker besprekt it boek fan Steven de Jong 'Ta in hichte, of de balke yn eigen each', in monografy oer it literźre wurk fan dr. Anne Sybe Wadman. It is in wittenskiplike tekst oer it wurk fan Wadman en oer minsken en streamingen dy't him beynfloede hawwe. Bilker is kritysk en hja beslśt dan ek sa: 'As De Jong him by syn doel hālden hie en skriuw in strak en beargentearre ferhaal oer hoe't Wadman beynfloede wie troch syn tiid, hie men der wat oan hawwe kinnen. No sjogge we śt nei de echte biografy oer Anne Wadman, dźr't Joke Corporaal by de Fryske Akademy mei dwaande is.'

F.D.; 24 novimber 2007      De Afūk komt mei twa nije Tomke-boekjes yn it 'Bruna-konsept': fjouwerkant mei op de iene side in plaatsje en op de oere kant in fjouwerrigelich rymke. Yn itselde stik fertelt Jant van der Weg oer it debśt fan Geert Verdoorn syn pinguin Piper. It is in kreas fersoarge printeboek mei sachte kleuren en se ferwachtet dat boekje mei in soad nocht besjoen wurde sil.

L.C.; 16 novimber 2007      Yn Freed stiet in stik oer Luuk Klazinga, striptekener fan berop.  Hy is de man achter Tomke en hy fertelt hoe't syn karriźre ferrūn is. As bern al tekene er alle dagen al. Letter is er earst kok wurden, want der moast jild fertsjinne wurde. Op in dei fregen minken fan it MSU, de foarrinder fan it Cedin, oft er ūnderwiismateriaal yllustrearje woe. En sa is er ek mei de Afūk yn kontakt kommen. No tekenent er de hiele dei. Syn hobby is syn berop wurden.

L.C.; 1 novimber 2007        Steatelid Gryt van Duinen pleitet foar in heger jildbedrach foar de Gysbert Japicxpriis. Se fynt de 5000 euro 'in bytsje te min'. 

L.C.; 31 oktober 2007        Jant van der Weg-Laverman hat de Hieronymus van Alphen-priis 2007 krigen. De priis wurdt alle jierre śtrikt oan immen dy't kennis oer en behāld fan ālde berneboeken befoardert, Yn 1993 wie Van der Weg ien fan de oprjochters fan Stichting it Fryske Berneboek.

L.C.; 30 oktober 2007        Pieter de Groot beskriuwt de ferklomme śtrikking fan Gysbert Japicxpriis yn Boalsert. It foel De Groot net ōf dat De Haan net krekt as Brouwers oer de Prijs der Nederlandse Letteren, begūn te seuren oer de hichte fan it jildbedrach. Dochs is De Groot fan miening dat it bedrach wol ferdūbele wurde mei. In moaie taak foar it Skriuwerboun.

L.C.; 29 oktober 2007        Mei it setten fan in hantekening besegele Thys Wadman sneintemiddei de oerdracht fan it argyf fan syn heit Anne Wadman, oan Tresoar. Doazenfol manuskripten, brieven, oantekenboekjes en oar materiaal binne oerdroegen. 

L.C.; 27 oktober 2007        Baukje Wytsma krijt de Fryske Anjer 2007 śtrikt troch Ed Nijpels. Nijpels fertelde dat Wytsma mei it jild fan de priis in twaddehāns Tomosbrommer keapje woe, mar sy tinkt dat him dat wol net wurde sil.

L.C.;  26 oktober 2007       Juster is de Gysbert Japicxpriis śtrikt yn de Broeretsjerke fan Boalsert oan Josse de Haan. De plechtichheid hie alles fan in ālderwetske sneinstsjinst yn in ūnferwaarme tsjerke. De sprekkers stiene te klomjen efter de mikrofoan en it publyk harke mei de jas oan nei de taspraken. Josse de Haan joech deputearre De Vries it advys om in buro op te rjochtsjen dat de Fryske literatuer befoarderje moat mei oersettingen fan Fryske skriuwers yn it Nederlānsk en yn oare talen.  

L.C.; 19 oktober 2007        Yn Freed: Tongersdei krijt Josse de Haan yn it stedshūs fan Boalsert de Gysbert Japicxspriis.Dźrmei is er nei Reinder van der Leest, Trinus Riemersma, Piter Boersma en steven de Jong, de fiifde skriuwer fan de romrofte KU-generaasje dy't de meast prestisjeuze Fryske literźre ūnderskieding yn de wacht sleept. In wūnder suver as men betinkt dat neffens De Haan it kalvinisme noch altyd foar master opslacht yn Fryslān.

F.D.; 13 oktober 2007        Gerbrich van der Meer besprekt yn de Sneinspetiele it boek 'It himlesk oerwurk' fan Durk van der Ploeg. It is it ferhaal fan Arjen Roelofs, boer en stjerrekundige śt Hijum/Aldeleie. Van der Ploeg beskriuwt it deistige bestean wiidweidich. Der binne kritisy dy't fine dat er te wiidweidich skriuwt. Nei it lźzen fan dit boek hat it firmamint hiel wat mear kleur krigen neffens Van der Meer.

L.C.; 13 oktober 2007        Tiny Mulder iepenet de fernijde poėzijrūte yn it Wynjewāldster Skar. Der steane 15 panelen mei natuergedichten yn it Frysk, Nederlānsk en Stellingwerfsk. Der kin ek harke wurde nei de gedichten op in mp3-spiler.

L.C.; 11 oktober 2007        Op de kultuerside fan it L.C. skriuwt Fedde Dijkstra dat der Fryske skriuwers by de rūs binne, mar dat it tal lźzers tebek rint. Is it de algemiene ūntlźzing? Binne de boeken te min, doocht de marketing net of is der ferlet fan bettere literatuerkrityk? Oer sokke fragen hienen skriuwers en oaren ūt de boekewrāld it juster yn De Bres yn Ljouwert.

L.C.; 10 oktober 2007        De gemeente Ferwerderadiel hat aardich śtpakt. Alle bernfan groep 2 yn 'e gemeente krigen it boek 'Lekker sliep lytse bear' en alle learlingen fan de groepen 8 krigen 'Homme en it geheim fan pake'.

L.C.; 8 oktober 2007          Froukje Postma śt Burchwert wūn ferline jier in junior Rely en dit jier in grutte Rely-priis. By de folwoeksenen wienen 20 ferhalen en 22 ferzen ynstjoerd en by de junior Rely wienen der mar leafst 138 ynstoerings. Dat lźste komt grif troch de stimulāns fan Frysk yn it ūnderwiis.

L.C.; 5 oktober 2007          Yn Freed besprekt Jetske Bilker it nije boek fan Auck Peanstra, Sitebuorren myn eigen paradys. It binne brieven fan har mem (yn it Nederlānsk) en oantinkens śt de jeugd fan Auck Peanstra en har broer Oane. It is in goed lźsber boek wurden.

L.C.; 28 septimber 2007     Yn Freed: Hjoed ferskynt it hūnderste nūmer fan it literźr tydskrift Farsk. Net op it ynternet, mar - by wize fan grap- op papier. Al fjouwer jier lang makket de redaksje om 'e wike in nije ōfleveirng. Winterdeis krijt Farsk tusken de 300 en 400 besikers deis. Fierder in boekbesprek fan Pieter de Groot oer it nije boek fan Trienus Riemersma, De kul oer it skouder.

F.D.; 22 septimber 2007     Yvonne Dijkstra besprekt it boek 'Elja De skepping fan gummykut' fan Josse de Haan. Neffens Dijkstra in typyske Josse-de-Haanroman, dźr't drok yn eksperimentearre wurdt mei foarm en ynhāld. It binne gjin 'hapklare brokken' en it lźst net as in trein. Jo moatte efkes trochbite en sa'n boek soarget ek foar diskusje yn de Fryske literatuer fan hjoed de dei.

L.C.; 21 septimber 2007     Pieter de Groot skriuwt in resinsje oer it boek 'Piter Terpstra, skriuwer', śtjūn troch de KFFB.  It is in ūnfoltōge biografy dy't er troch elkoar hinne opskreaun hie. Syn soan Arjen fertelt hoe't er it manuskript oardere en mei de helt werom brocht hat en noch telt it boek 501 siden. 

F.D.; 15 septimber 2007     Bestseller Harry Potter yn it Frysk. Jant van der Weg beskriuwt de oersetting fan Jetske Bilker, dy't aardich is, noflik lźst en op 'e nij boeit. Jant is net sa wei fan it brūken fan it wurd 'yts' en 'sayts', dan giet har de grize oer de grouwe. Op side 166 is it wurd 'Dreuzels' net oersetten yn 'Migels' en fierder is Bilker net al te konsekwint mei it mingsel fan stedsfrysk en Stellingwerfsk. Likegoed hopet Van der Weg dat it in bestseller wurdt. 

L.C.; 14 septimber 2007     De Gysbertpriis smyt wer tsjierderij op, skriuwt Pieter de Groot yn Dwers. Hy hat in advys oan deputearre Jannewietske de Vries: it jildbedrach ferdūbelje, it advys fan de sjueryleden net samar oernimme en de sjueryleden hoege gjin akademyske titel te hawwen. Hie it miskien net better west om Durk van der Ploeg of Hylke Speersta te kiezen. Dy skriuwe tenminsten foar de har lźzers en net foar de prizen.

L.C.; 12 septimber 2007     De Gysbert Japicx-priis giet dit jier nei Josse de Haan. De priis wurdt ien kear yn de twa jier śtrikt en is mei in bedrach fan 5000 euro de wichtichste Fryske literźre priis. De sjuery priizget benammen de bydrage dy't De Haan levere hat oan de fernijing fan de Fryske literatuer. 

L.C.5 septimber 2007         De Fryske anjer fan it Prins Bernhardcultuurfonds Fryslān giet dit jier nei dichteresse Baukje Wytsma. Sy krijt de priis net allinne foar har poėsij, mar ek foar de bulte berneboeken, bernemusicals en lietteksten dy't se skreaun hat.

L.C.; 31 augustus 2007       Lida Dijkstra skriuwt it aksjeboek foar bern. As famke klom Lida Dijkstra op in stoel om te witten hoe't grutte minsken de wrāld besjogge. Mei itselde gemak reizget se as folwoeksen frou werom nei har bernetiid. Dy eigenskip stiet oan de basis fan de 34 berneboeken dy't se de ōfrūne 13 jier skreaun hat. Har nijste hat as titel 'Spegelspreuk'. Yn 'e sutelaksje dy't hjoed begjint, is it it aksjeboek foar bern. Te lźzen yn Freed. Op side 20 noch mear nijs oer de sutelkroade en op de selde side docht Pieter de Groot ferslach śt de Skriuwersarke op de Feanhoop, it eardere stee fan Rienk van der Velde. 

F.D.; 25 augustus 2007       Marga Claus hat in boek skreaun mei de titel: 'Lytse Do: dei- en nachtboek foar in stjerrebern'. Yvonne Dijkstra skriuwt yn har resinsje, dat se har al gau in foyeur fielde, doe 't se it boek lies. As har dochter ūnbedoeld swier rekket, begjint Kike in deiboek te skriuwen foar it berntsje. Dijkstra is it net iens mei de foarm dy't de skriuwster keazen hat, mar tinkt dat it benammen in soad froulju oansprekke sil.

No, Boek; aug 2007           In lytse gearfetting fan wat der allegear ynstiet: Trinus Riemersma en syn literźre wurk; Ate de Jong mei Op 'e tribune; Elske Schotanus oer Skrik; In petear mei Willem Schoorstra; Jetske Bilker oer har oersetting fan Harry Potter yn it Frysk; Lida Dijkstra mei har nije berneboek Spegelspreuk; Willem Stegenga oer De Friese Koe; Mindert Wijnstra oer De stilte fan Joachem; Elizabeth Hietkamp en Arjen Hut oer harren nije boek Toe no en noch in hiele protte ynformaasje oer ālde en nije Fryske boeken.

L.C.; 24 augustus 2007       De sjuery fan de Rely Jorritsmapriis achtet fan 't jier mar ien fers en ien koart ferhaal goed genōch foar in priis. Edwin de Groot śt Akkrum en Froukje Postma śt Burchwert krije in priis. De juniorpriis giet nei Joeke van der Veen śt Makkum en de oanfiterpriis nei Lianne Huitema śt Tsjerkwert en Dirk Stegenga en Gerbrich Koopal śt Wommels.

L.C.; 17 augustus 2007      Yn 'Freed' stiet in hiele side oer de skiednis fan de Koperative Utjouwerij. Nei 37,5 jier fan wrotten en tsjin de stream op komt de ein. It wie al in wūnder dat de śtjouwerij it 25-jierrige bestean helle. Op dizze siade binne de hichte en foaral djiptepunten fan de śtjouwerij te lźzen. 

F.D.; 14 july 2007              In resinsje fan it boek "Dat wie doe sa: diel 1 skoalle" fan Akky van der Veer en Baukje Wytsma, troch Jant van der Weg. Foar de 70+ generaasje is in nije Beltsjeblomrige opsetten. It is in generaasje dy't net folle Frysk leard hat yn it ūnderwiis, want dat waard doe net oanbean. It boek oer dingen fan eartiids op skoalle en is ornearre foar de ālderein en harren begelieders. Efteryn stean in tal tips en ferwurkingsopdrachten. 

L.C.; 3 july 2007                'Frysk skriuwtalint by toaniel ūnbenut' is de titel fan de rubryk 'Harje'. Fryslān is in provinsje fan iepenloftspullen, mar dan brūke meastal stikken dy't net fan oarsprong Frysktalich binne. Der binne in pear śtsūnderings: yn Opsterlān wurdt in stik fan Oldenhof spile, yn Aldegea (Sm) spilet yn septimber in stik fan Wimpy de Vries en yn Brantgum sette se śt ein mei in toanielbewurking fan it boek 'Swart mar leaflik' fan Cuperus. Ta gelegenheid fan de presintaasje fan it boek 'De oerpolder' is der ferline jier, troch de Heidenskipsters, noch in toanielbewurking fan it boek op 'e planken setten. Frjemd dat der net mear is te neamen. It krekt ferjonge en warbere Skriuwersbounsbestjoer soe der wat oan feroarje kinne. 

L.C.; 22 juny 2007             'De wylde boerinne' fan Holtrop is ferstript! Richard Bos, Alexander Russchen en Willem Winters binne de tekeners en skriuwers. Se kieze foar in komyske styl mei in soad oerdriuwing.  Dat ien plaatsje net altyd mear seit dan in alinea tekst, docht him hjir ek wer foar. Ien alinea tekst seit yn dit gefal mear as 14 tekeningen. 

L.C.; 22 juny 2007             Yn freed: Jetske Bilker set Harry Potter oer yn it Frysk. Nei it oersetten fan in fiiftal kameleonboeken is dit wol hiel wat oars. As jo oersette yn it Frysk, moatte jo jo altyd ōffreegje, hoe geef it Frysk wźze moat. Om't der gjin televyzje en komputers binne op Swiniastate kin Bilker ek wat mear skriuwtaal wurden brūke as gewoanwei yn berneboeken.

L.C.; 22 juny 2007             Jetske Bilker skriuwt oer de debutroman fan Erik Hoekstra, Kening fan de junks.  It tema fan it boek is dat in slūchslimme jonge dy 't it fier skopt. De roman tilt op fan foaroardielen oer allerhanne minsken en der sitte prachtige passaasjes yn. Spitich dat it boek net goed redigearre is. Der sitte te folle flaters yn, mar dat is maklik te ferhelpen. Bilker hopet dat Hoekstra mar gau wer sa' n roman skriuwe sil.

L.C.; 16 juny 2007             Gorters "Mei' is troch Klaas Bruinsma yn it Frysk oersetten. Hy sette it gedicht oer ta gelegenheid fan it 125-jierich bestean fan de Balkster Courant. It gedicht is yn trije panelen oanbrocht by it stānbyld fan Gorter, dy't eartiids in soad troch Balk rūn hat. De krante hie in dichtwedstriid śtskreaun om it tema wetter hinne. Der kamen 120 reaksjes en de measten wienen yn it Frysk. 

L.C.; 8 juny 2007               Pieter de Groot skriuwt yn Dwers oer Klaas Bruinsma, literźr oersetter, dy't de sulveren anjer krigen hat. Bruinsma is net in man fan de foargrūn, mar hy hat al in soad betsjutten foar de fryske taal. De Groot beskriuwt in anekdoate en syn oersetterswurk.

L.C.; 7 juny 2007               Klaas Bruinsma krige juster śt hannen fan de keninginne, de Sulveren anjer. Dat is in bewiis foar erkenning fan Bruinsma, mar ek foar de Fryske taal. Hy krige de priis foar de oersetting fan Ilias en Odyssee fan Homerus yn it Frysk. 

L.C.; 1 juny 2007               Foar de Rely Jorritsmapriisfraach binne 42 ynstjoeringen binnenkommen. De priis wurdt op 6 oktober śtrikt. Foar de Junior Rely binne mar leafst 138 ferhalen en gedichten ynstjoerd. Dat komt om't der op it fuortset ūnderwiis omtinken oan jūn wurdt. Foar de juniorpriis is € 500 beskikber.

L.C.; 25 maaie 2007           Fjouwer jier lyn joech it Ald Selskip de stjit ta wat no it Fertel en Foarlźs Festival is. Der wurde hieltyd mear ynstellings yn behelle. Sa is ferline jier it foarlźspublyk ferbrede mei de ālderein en it doel is om yn 'e takomst de musea en argeologyske stipepunten derby te beheljen. Dit jier is der in foarlźswedstryd foar de basisskoallebern op tou setten. De finale is op 13 juny yn it Tryatergebou mei Jan Arendz as presintator. 'Kontinuļteit is wichtich en jo moatte geduld hawwe,' seit Alian Akkermans, 'mar ast dit foarlźsfestifal acht jier folhāldst, lźst elkenien foar'.

L.C.; 18 maaie 2007           Gjin Pulitzerpriis foar Trinus Riemersma skriuwt Sietse de Vries. Cormac McCarthy krijt de heechste literźre ūnderskieding yn Amearika mei it boek 'The road'. Mar dat ferhaal is dat net krekt itselde as 'Nei de klap' fan Trinus Riemersma?, freget De Vries him ōf. Fan elkoar oerskreaun kin it net wźze, mar De Vries freget him ōf oft Riemersma de priis bygelyks wūn hie as er it boek yn it Ingelsk skreaun hie. It giet oer hast itselde, in postapokalyptyske wrāld.

L.C.; 14 maaie 2007           Skriuwster Lida Dijkstra hat sneon yn Twizel de Simke Kloostermanpriis krigen foar har berneboek: 'Lederwyntsje, bern mei krźften'. It wie foar de twadde kear dat Lida dizze priis krige. It boek giet oer in famke dat op reis giet om har pake dy't fuortrekke is, werom te finen. It hat yn it Friesch Dagblad stien as feuilleton en it is yn 2005 śtjūn by śtjouwerij Bornmeer. It boek is yllustrearre troch Monique Beyer.

L.C.; 11 maaie 2007            Yn 'Freed' in stik oer de jierlikse Fryske boekemerk yn Kimswert. Foar it earst sūnder stipe fan it Europeeske netwurk 'Villages of Tradition'. Fiif jier lang hawwe hja der stipe fan hān, mar nei dy fiif jier hāldt soks wer op. De boekemerke giet wer troch, mar no mei minder kultuer saken derom hinne. Sa kinne se de tsjerke net mear hiere, want dat wurdt te djoer, mar de minsken kinne wol meidwaan oan in rūnlieding yn it doarp en dźr sit in besite oan de tsjerke yn. Meindert Bijlsma fertelt oer it ūntstean fan de boekemerk yn Kimswert.    

L.C.; 17 april 2007              Der binne juster foto's makke foar it aksjeboek fan Lida Dijkstra dat 30 augustus ferskine sil. Hubert Luymes en Kristian Zadelhoff hawwe posearre as Lodelakei en prins Willem Batavus. Willem Batavus is in beppesizzer fan Marijke Meu en hy belibbet fan alles yn Ljouwert. Wat dat krekt is, wol Kristian net ferklappe, mar hy hat it boek al lźzen yn it Frysk. Yn oktober ferskynt it boek yn it Hollānsk.

L.C.; 7 april 2007                 De Simke Kloostermanpriis 2007 is nei Lida Dijkstra gien foar har boek 'Lederwyntsje'. It is de twadde kear dat Lida dizze priis krijt. 12 maaie sil de priis yn Twyzel śtrikt wurde. Lederwyntsje is in famke dat mei de geit 'Kekke' siket om 'pake' dy't fuort is. De yllustraasjes binne makke troch Monique Beyer. Oare skriuwers dy't gading makken nei de priis wienen: Hanneke de Jong, Auck Peanstra, Jelle Bangma en Eppie Dam.  

F.D.; 24 maart 2007             Jant van der Weg besprekt twa nije Fryske printeboeken fan Lida Dijkstra. It earste boek 'Skattich' is modern yllustrearre troch Marije Tolman, in Nederlānske yllustratrise. It is minder 'soft', der stiet bygelyks al in stoere bink op it omslach. It is gjin minskebern mar knyn Tys, dy't tegearre mei syn Trśske in tal berntsjes krijt, dy't fanalles śtheve. It twadde boek, 'Ik bin in optocht' is eins in telboek mei kostlike printen en in lyts grapke. Prachtige oanwinsten as rissultaat fan gearwurking tusken Nederlānske en Fryske śtjouwers.

L.C.; 15 maart 2007             It wurk fan Eppie Dam gie yn flammen op. Hast alles is ferlen gongen troch in brān yn syn hūs, mar it boek oer Henk Kroes is yn feilichheid. Syn frou hie de kiste mei materiaal nei de bykeuken sleept. It is al de twadde kear dat it Dam oerkomt. Apart is dat it Henk Kroes ek twa kear oarkommen is. Eppie Dam is bot oanslein, mar alles komt goed seit er.

L.C.; 15 maart 2007             It boekewikegeskink foar 2008 sil skreaun wurde troch Riek Landman. It wurdt it tweintichste boekewikegeskink sūnt It Fryske Boek der ien wei jout. 

F.D.; 10 maart 2007             Jaap Krol besprek 'It Wolkenboek' yn de Sneinspetiele. Earst freget er him ōf wźrom de skriuwers sa'n tsjok boek skreaun hawwe en wźrom yn it Nederlānsk. 'Zolang de wind van de wolken waaid' is neffens him in must foar elke kultuer-, skiednis- of lźsleafhawwer. De earste echte Fryske skriuwer is Gysbert Japix west en sa wurde in tal Fryske skriuwers fan ynfloed efkes oanhelle. De tekst wurdt droegen troch de moaie foarmjouwing. Yn it boek wurdt ek bleatlein dat de kwaliteit fan it Fryske skriuwen oant de twadde wrāldoarloch net sa heech wie. Der komme noch wat kritykpuntsjes foarby, mar ta beslśt wurdt der klonkludearre dat it Wolkeboek ek en miskien foaral in kanon wurden is. 

L.C.; 2 maart 2007                In boekbesprek fan Jetske Bilker oer it nije boek fan Durk van der Ploeg, It himelsk oerwurk. Mei dizze roman wol de skriuwer Arjen Roelofs śt it skaat fan Eise Eisinga weihelje. Hy hat him safolle mooglik oan de feiten holden en de rest derby betocht. It earste part is moai beskreaun, mar nei de dea fan Arjen syn heit is de spanning wat fuort sakke. It libben fan Roelofs is delsetten yn byldzjende taal. Bilker fynt it nuver dat er amper oer it kontakt mei Eisinga skreaun hat. Om Roelofs śt syn skaat te heljen? It hie net hoegd, Roelofs stiet sa ek al yn 'e sinne.

L.C.; 26 febrewaris 2007       Ferslach fan it Boekefeest yn Ljouwert. Tiemersma  en syn maten spile stikjes śt syn eigen 'Mind Games'. It publyk waard yn fjouwer groepen by de ferskate foarstellings lāns laat. It Boekewikegeskink waard presintearre troch John Lennon (Henk Bok). De literźre wiken gean los.

F.D.; 24 febrewaris 2007       'Taal is gjin soadsje ūngeregeld', seit Jan Popkema yn de Sneinspetielle. Nei 60 jier is der lang om let wer in Nederlānsktalige grammatika Frysk op 'e merk brocht. Jan Popkema hat mei syn 30-jierrige ūnderfining yn it ūnderwiis, twa boeken skreaun: Basisgrammatica Fries, begrijpelijk voor iedereen en Grammatica Fries, de regels van het Fries. It siet Popkema al in skoft dwers dat der nei 1947 net wer in taallearboek yn 't Nederlānsk ferskynd wie en no't er yn 'e VUT siet en er frege waard, hat er it mei in soad nocht sels skreaun. Twa en in heal jier hat er wurke oan Grammatica Fries en doe't it klear hie, fregen se oft er noch in basisgrammatika skriuwe woe. It is in oersichtlik boek wurden, mei op 'e linkerside de taalregels en op 'e rjochter side de oefeningen. As er tiid fan libjen hat, kinne wy noch mear wittenskiplik wurk fan Popkema ferwachtsje.

L.C.; 23 febrewaris 2007       Yn Dwers skriuwt Pieter de Groot oer de sjueryleden fan de Gysbert Japcxpriis. De nammen binne: Aukje Holtrop, ferneamd literźr resinsinte en in net-Fries; Ernst Bruinsma, literatuerwittenskipper; Willy van der Meer, lesjouster Frysk, hāldt boekepraatsje foar Omrop Fryslān en is koördinator fan Edujekt. Tige kwalifisearre minsken! Mar, Van der Meer hat bining mei de Afūk fia Edujekt en de Afūk is ek śtjouwer. As minsken aanst kwea tinke wolle oer de śtslach fan de kommisje, soe dat sa mar kinne. Minsken wolle no ien kear graach lekskoaie.

L.C.; 23 febrewaris 2007       Yn Freed: Koos Tiemersma skreau geskink foar Fryske Boekewiken. Koos Tiemersma skriuwt net foar lźzers dy't altyd sprśtsjes, in gehakbal en trije ierdappels foarset krije wol. Yn Mind Games, it boekewikegeskink, ūndergiet de haadpersoan Age Roda -in Fryske berchbeklimmer- in hertoperaasje. Age treedt śt syn lichem en moetet Ron Ferry, de donor waans hert hy kriget. It boek hinget fan ynfaltsjes en ideetsjes oan elkoar. Mind Games is ynearsten it lźste boek, om't Tiemersma earst in jier frij ōf nimt. 

L.C.; 22 febrewaris 2007       Fryske boekewiken mei 31 literźre jūnen. In foarśtblik wat śs de kommende twa wiken te wachtsjen stiet yn de provinsje. De Fryske boekewiken sette sneon śtein yn Post Plaza mei de presintaasje fan it boekewikegeskink Mind Games troch Koos Tiemersma. Seis literźre koppels sille de kommende fjirtjin dagen rūnom yn Fryslān optrede. Op 11 maart kinne de minsken op fertoan fan 'Mind Games' fergees reizgje mei de trein troch Fryslān en Grins en mei de bussen troch Fryslān. Der binne wat prizen ōfskaft: Liuweprint en Welpeprint foar it bźst fersoarge Fryske boek hat gjin besteansrjocht mear. De etalaazjewedstryd foar boekhannels wurdt ek net mear śtrikt.

Bolswarder Nb. 21-02-07     It Fryske boekewikegeskink, Mind Games,  is skreaun troch Koos Tiemersma yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek. De titel slacht op in sjongtekst fan de Beatles.  It ferhaal giet oer in berchbeklimmer dy't in herttransplantaasje ūndergiet. Op ferskate plakken yn de provinsje sil Tiemersma oan it wurd oer Mind Games en oar wurk. Der binne ek noch oare programma's mei oare skriuwers en muzyk.

F.D.; 17 febrewaris 2007       Jant van der Weg beskriuwt 'Oeral binne bisten!' fan Machiel Braaksma en 'Krij ik in tśtsje fan dy' fan Christophe Loupy, oersetten troch Hermien van der Meer. It earste boek is foar alle leeftiden. Keunstner Machiel makket bisten fan allerhanne materiaal en skriuwt der stikjes by. It is in bysūnder boek en it falt yn 'e smaak en dat komt mei troch de foarm dźr't it boek yn ferskynd is. It twadde boek is bedoeld foar 4+, in waarm ferhaal mei rejaal opsette printen yn teare kleuren. 

F.D. 17 febrewaris 2007        Gerbrich van der Meer beskriuwt it boek fan Oebele Vries, 'Asega is het dingtijd?' Yn it monumentale boek binne 24 teksten te finen, dy't rekkene wurde kinne ta de hichtepunten fan de Aldfryske tekstoerlevering. De ālde teksten binne tagonklik makke foar in breed publyk troch in ynlieding, in oersetting yn it Nederlānsk en in oersetting yn it Nijfrysk. In bysūndere śtjefte.

F.D.; 3 febrewaris 2007         Gerbrich van der Meer skriuwt oer 'Foar alles is in tiid, it libbensferhaal fan Tiny Mulder', fan Geart de Vries. It is in stik allinne oer de ynhāld en net oer de wize fan skriuwen fan Geart de Vries. Geart hat 12 lange petearen mei Tiny Mulder hān en har libben oereide. Elk dy 't Tiny Mulder ken, wit dat de ynhāld fan it boek nijsgjirrich wźze sil, hoewol't se net al te folle loslitten hat oer har eigen hśshālding.

L.C.; 23 jannewaris 2007       Piter de Groot freget him yn 'harje' ōf oft der noch Frysk kabaret wźze sil nei Rients. De konklśzje is dat de twataligens Rients Gratema oars gjin neidiel oplevere hat, mar dat de hjoeddeistige Friezen harren ientalich yn it Nederlānsk manifestearje (Jan Jaap van der Wal en Jaap Mulder).

L.C.; 20 jannewaris 2007       Yn Sneon en Snein stiet in ynterview mei Rients Gratema. Nije wike wurdt er 75 jier. Hy is noch altyd op de planken te finen en hy skriuwt ek altyd noch programma's en oare teksten. Bonne Stienstra sjocht mei Rients werom op syn libben.

L.C.; 19 jannewaris 2007       Yn Freed: Oebele de Vries sette midsieuske teksken oer yn "Asega, is het dingtijd?" Sietse de Vries beskriuwt it nijsgjirrige boek fan 500 siden mei teksten dy't om 1300 hinne optekene binne. De teksten sels binne folle ālder en binne mūnling oerlevere west. Woansdei sil it boek presintearre wurde.

L.C.; 17 jannewaris 2007       Lida Dijkstra skriuwt yn opdracht fan de historyske feriening 'Aed Levwerd' in berneboek oer de Nassaus. It ferhaal giet oer Willem Batavus, in beppesizzer fan Marijke Meu, dy't op it Prinsessehof fan alles belibbet. It boek ferskynt om-en-by septimber as 'aksjeboek foar bern' yn de Fryske berneboekewike.

L.C.; 15 jannewaris 2007       Abe de Vries, śtjouwer fan de Friese Pers Boekerij kaam by de nijjiersboarrel fan it Skriuwersboun mei it idee om Trotwaer śt te jaan by de FPB. No ferskynt Trotwaer as taheakke yn it blźd de Moanne. De Moanne is neffens De Vries net literźr genōch; dat blźd smakket tefolle nei taalbefoardering. 

Bolsw. nwsblad; 10 -1-07      Hānskriften en boeken fan Obe Postma gean nei Tresoar. Ferslach fan in feestlike gearsit fan it Obe Postma Selsskip yn de Gysbert Japixseal fan Tresoar. De omkesisser fan Obe Postma, Schelte Elgersma, draacht in grutte samling boeken en sa oer oan it Selsskip.

L.C.; 10 jannewaris 2007       Tresoar hat in samling boeken en skriften fan Obe Postma taskikt krigen. It giet om syn wis- en natuurkundebibleteek. De hānskriften fan syn gedichten hienen hja al earder krigen

L.C.; 5 jannewaris 2007         Jan Popkema fan Burgum hat in grammatika Frysk skreaun yn it Nederlānsk.  Yn it Nederlānsk om't it in gearwurkingsferbān is mei Spectrum yn de rige 'Prisma Taalbeheersing'. It is fansels ek foar Nederlānsktalige studinten dy't as byfak Frysk studearje, moai meinommen dat it yn it Nederlānsk skreaun is. Sietse de Vries hat in petear mei Popkema yn "Freed'.

L.C.; 5 jannewaris 2007         Fryske Akademy iepenet kennissintrum meartaligens. De Fryske Akademy hat jild krigen foar it Mercatorprojekt. It sintrim sil him net allinne dwaande hālde mei it Frysk, mar it is bedoeld as kennissintrum foar allerhanne minderheidstalen. Neffens Gorter moat it sintrum in platfoarm wurde dźr't de mienskip wat oan hat. In stik fan Sietse de vries mei Cor van der Meer en Durk Gorter fan de F.A. yn 'Freed'. 

 L.C.; 1 desimber 2006           Alde reboelje opikkere. Fjirtich jier liden stienen trije literźre tydskriften op it punt te fusearjen, De Tsjerne, Quartrebras en Asyl. In besprek fan in stik dat Trinus Riemersma skreaun hat oer de gong fan saken. Riemersma hāldt it suver en beheint him ta de stikken. De fraach is oft de hjoeddeiske generaasje der noch in bek op sette wol. 

Boek; septimber 2006            In koarte opsomming: Geart de Vries beskriuwt it libben fan Tiny Mulder. Hein Jaap Hilarides sil in boek skriuwe yn de rige Fryske Modernen. Skoarre by F.C.Top, it nije boek fan Jelle Bangma. 'Stille tochten' fan Bouke van der Hem. Koos Tiemersma nimt nei trije romans en in boekewikegeskink efkes lins. De aardichste ferhalen binne basearre op it libben, de skriuwsters fan Tomke oan it wurd. Poėzijdebut fan Simon Oosting. De twadde ferhalebondel fan Wieke de Haan. Hylke Speerstra oer 'De Oerpolder'. In artikel oer it wurk dźr't Dick Eisma him mei dwaande hāldt.  En fierder fansels in soad boekenijs.

L.C.; 29 septimber 2006        Tryater komt nije wike mei de premiźre fan 'Lette ropping'. Bauke Oldenhof makke it stik nei oanlieding fan in wūnderlik kranteberjocht, oer in koster dy't syn frou ferliest oan de nije dūmny.      Op deselde side in stik oer Romke Toering dy't ōfskied nimt fan it Iepenloftspul Jorwet, dźr't 30 jier yn behelle west hat. 

F.D.; 23 septimber 2006        Tomke fiert feest, hy wurdt 10 jier. Tomke hat al salang it gesicht west fan it lźsbefoardiringsprojekt foar de jongste Fryske bern. Jant van der Weg sprekt har bewūndering śt foar de inisjatyfnimmers Alian Akkermans en Siets Ypenga en docht ferslach fan 10 jier Tomke. It feest sil 30 septimber fierd wurde yn in śtferkocht Harmony.

L.C.; 23 septmber 2006          In nije Fryske folksflagge sjocht it ljocht. It is in goudgele flagge mei in skandinavysk krśs en fjouwer reade pompeblźden. It moat in flagge wźze foar alle Friezen.

L.C.; 23 septimber 2006        In ynterview mei Helena de Boer, tekenaresse fan 'Bear Boeloe'. 13 jier lang makke se de strip foar Omrop Fryslān. Der komt no in ein oan. Se hat der frede mei, mar se makket har wol wat soargen oer Fije van der Meer, dy't de stim altyd die fan Bear Boeloe. Helena fynt ek dat har bear better oerkaam dan Tomke.

L.C.; 15 & 16 septimber '06   Donald Duck moat op Fryske les, seit Benedictus, Steatelid fan it CDA. De krante skriuwt der twa dagen oer. Sels Gurbe bemuoit him dermei.

L.C.; 25 augustus 2006           Geart de Vries tekene it libben fan Tiny Mulder op yn it boek 'Foar alles is in tiid'. It ferhaal oer it libben fan Tiny Mulder, dźr't de klam net op har oarlochstiid lizze mocht. In ferslach troch Sietse de Vries.

F.D.; 19 augustus 2006           Besprek fan de 'Samle fersen' fan Obe Postma troch Pier Boorsma. Wa't de ynlieding fan Breuker lźst, sil him meinommen fiele yn de fassinearjende syktocht nei it geheim fan Postma's poėzy. De 'Samle Fersen' binne in earbetoan oan in dichter, waans namme troch de grutte kwaliteit fan syn gedichten, de tiid treast wźze sil.

L.C.; 21 july 2006                   It boek 'De leafdes fan Janne' fan Riek Landman wurdt besprutsen troch Abe de Vries. Landman is in skriuwster fan de trije w's: werklikheid, werkenberheid en winslikheid. Landman hat yn har boek alle war dien om in oannimlik tiidsbyld del te setten. It lźst as in trein, mar mei literatuer hat it minder te krijen. Yn dit boek sit de 'w' fan winslikheid de 'w' fan de werklikheid wolris yn it paad. Dizze lźste yn de rige is de minst oerstjūgjende fan de trije.

Wijd en Zijd; 21 juny 2006      In fraachpetear mei Riemkje Hoogland-Pitstra śt Hylpen. Se hat 40 jier yn it ūnderwiis wurke en sit no yn de FPU. Tegearre mei Auck Peanstra skreau se de Tomke-boekjes en de teksten foar de tv-śtstjoeringen. En om 't Tomke hast 10 jier wurdt, is dit petear holden yn 'e rubryk '25 vragen aan...'

Wijd & Zijd; 7 juny 2006         Hylke Speerstra docht ferslach fan syn nije boek 'De Oerpolder'. Op 8 juny sil it earste eksimplaar oanbean wurde oan boerinne Itty Groenhof- Van der Wal yn it tsjerkje fan it Heidenskip. Speerstra fertelt it ferhaal fan de 19de ieu. Mear ynformaasje is te finen op: www.hylkespeerstra.nl of www.deoerpolder.nl.

L.C.; 2 juny 2006                     In nij boek fan Hylke Speerstra sjocht it ljocht: 'De oerpolder'. It boek sil op syn santichste jierdei presintearre wurde. It boek beskriuwt it boerelibben fan de njoggentjinde ieu yn it Heidenskip en is basearre op ferhalen en notysjes fan minsken dy't dźr wenje en wenne ha. De alwittenede ferteller fertelt in ferhaal mei eleminten fan fiksje en non-fiksje.

L.C.; 21 april 2006                   In stik oer it 'Oera Linda-boek'. Goffe Jensma promovearre cum laude op it boek en besoarge dermei in nije druk fan it boek. It boek kaam yn 1867 foar't ljocht doe't Cornelis van der Linden śt Den Helder in pear stikken opstjoerde oan Elco Verweijs fan de provinsjale bibleteek. Net in minske leaude yn it āld-Fryske skrift, mar it is doe oan Ottema te dankjen dat it śtjūn is. Hy leaude deryn.  Neffens Jensma moat it boek lźzen wurde as literźr en net as historysk wurk. Jensma tinkt dat Haverschmidt it destiids skreaun hat, mar nimmen is der echt wis fan.         

F.D.; 5 april 2006                     De earste side fan de kultuerbylage wurdt hielendal ynnommen troch in besprek fan 'Zolang de wind van de wolken waait', it Nederlānsktalige oersjoch fan de Fryske literatuer troch de jierren hinne. Yn njoggen haadstikken wurdt de Fryske literatuer behannele. Teake Oppewal, koordinator fan it projekt komt oan it wurd.

F.D.; 25 maart & 1 april '06     Yn twa dielen beskriuwt Gerbrich van der Meer it libben fan Tiny Mulder, dy't op 2 april 85 jier āld wurdt. Tiny Mulder hat in bysūnder libben hān, se hat altyd op de barrikaden stien foar rjochtfeardigens. Dat blykt ek wol śt har wurk foar it ferset yn de oarloch. Se hat mei har sjoernalistike en literźre bydragen in grut publyk oansprutsen, sawol folwoeksenen as bern.

L.C.; 24 maart 2006                Fryske Modernene helpe skriuwers oer de drompel. Trije śtjouwers hawwe de Fryske klassieken śtjūn, mar no sille se in rige śtjaan mei boeken fan jonge Fryske skriuwers. Jonge skriuwers krije stipe fan śtjouwers om in boek te skriuwen. Niek de Vries fertelt oer syn ūnderfining mei dy wize fan wurkjen. Hy is de skriuwer fan it earste boek, 'Prospero', yn de rige.

L.C.; 17 maart 2006                 Reinder van der Leest beslśt syn skriuwerskip. Van der Leest is de man fan de eksperiminten en typografyske grappen. Hy hāldt op mei it Frysk skriuwerskip, 'Tajefte' is it lźste dat er skreaun hat. Mar as er moarn in fantastysk idee krijt foar in nij boek? Wat dan? Hy seit dat er dat idee al hat, mar dat er der neat mear mei hoecht te dwaan.

L.C.; 10 maart 2006                 'Tin iis' en 'De sūnde fan Haitze Holwerda' binne it faakst neamd as it giet om boeken dy't in plakje fertsjinje yn de Fryske lźzerscanon. Trinus Riemersma stiet mei 'De reade bwarre' op fjouwer en wurdt as skriuwer it faakst neamd. In ferslach fan alle reaksjes dy't lźzers ynstjoerd hawwe.

F.D.; 4 maart 2006                   In besprek fan it boekewike geskink 'De Stien', fan Wytsma en Bottema troch Gerbrich van der Meer. Yn de stien wurdt dśdlik hoe't it ferline it heden beynfloedzje kin. De skriuwers hawwe tegearre in moai boekje delset dat foar in soad minsken tagonklik is en de ferskillende aspekten fan taal komme goed foar 't ljocht. Ynhāldlik is it net altyd like oertsjūgjend neffens Van der Meer.

L.C.; 3 maart 2006                   Ein maart ferskynt by Bert Bakker in Nederlānsktalige skiednis fan de Fryske literatuer. By Van Gennip is de de presintaasje fan 'De vader van Serafyn' fan Claus en fierder wurde der noch fjouwer twatalige dichtbondels śtjūn. De Fryske literatuer is gjin bline flek mear foar Nederlānske śtjouwers.

L.C.; 24 febrewaris 2005          Sjoerd Bottema en Baukje Wytsma skriuwe it boekewikegeskink. It boekje is in leafdesferhaal yn 75 siden en wat der fertelt wurdt is net sa bysūnder, mar wol dat it troch twa skriuwers makke is. It idee is as gekheidsje ūntstean nei ōfrin fan de jierlikse boekemerk yn Drachten. It boek spilet wikseljend yn it no en yn de bernetiid fan de beide haadpersoanen. Fierderop yn 'e krante wurdt it boek besprutsen.

F.D.; 18 febrewaris 2006          Durk van der Ploeg by syn 75ste jierdei. Tjerk Veenstra besprekt it boek 'Dreame fan in oare wrāld'. Hy skriuwt fan alle bydragen in lytse gearfetting. Hy beslśt mei: 'Moai jierdeispresintsje, mar it moaiste kado is in nije roman fan de master fan de lźste hūzen fan hāld-oan yn de Dongeradielen'.

L.C.; 3 febrewaris 2006            Fryske skriuwers oer de striid tusken 'geef' en 'tagonklik'. Riek Landman, Durk van der Ploeg en Klaske Hiemstra oan it wurd. Riek: lźsber giet by my foar geef. Se is gjin taalwarder, mar in taalleafhawwer.Van der Ploeg brūkt in āld soarte Frysk. Hy krijt noch wolris de opmerking dat de lźzer it wurdboek derby ha moat. Friezen hienen harren taal better leare moatten. Klaske Hiemstra ergeret har oan it minne Frysk dat se om har hinne heart. Fryske skriuwers moatte mei it hert skriuwe!

L.C.; 26 jannewaris 2005          Produktyf skriuwer foar in breed publyk, Pieter Terpstra, ferstoarn. Hy stoarn op 86-jierrige leeftyd yn Ljouwert. Syn totale wurk komt op sa'n 125 titels. Hy hat as sjoernalist wurke foar Trouw, de Nieuwe Rotterdamse Courant, het Nieuwsblad van het Noorden en Kijk op het Noorden. It wie in beskieden man en boeiende ferteller.

De Pompeblźden 5 des. '05       Resjersjewurk yn de Fryske literatuer. It ynfieren en trochsykjen fan Fryske teksten śt de 17de en 18de ieu yn de Taaldatabank fan de Fryske Akademy hat opsmiten dat foar in soad wurden śt dy tiid lykas foar no dialektkaarten te meitsjen binne. It is sels mooglik om śt anonime teksten it wenplak fan de skriuwer op te spoaren. Artikel skreaun troch Arjan Versloot.

L.C.; 23 desimber 2005            In artikel yn Freed nei oanlieding fan it ferskinen fan de samle fersen fan Obe Postma. Postma is ien fan śs wichtichste Fryske dichters. Hy skreau fersen op heech nivo en it is ek noch tige tagonklik, seit Phillippus Breuker yn dit artikel. Obe Postma wie homoseksueel en dat liet er yn syn wurk ek klear śtkomme.

L.C.; 22 desimber 2005            Yn de rubryk 'Boekenijs' besprekt Wieke de Haan it boek 'Dreame fan in oare wrāld'. Foar minsken dy't Van der Ploeg net kinne, is dit boekje in iepenbiering. It jout in protte ynformaasje oer de tematyk dy't Van der Ploeg brūkt yn syn boeken.

L.C.; 9 desimber 2005               In petear mei Dick Eisma oer de takomst fan de KFFB. Dick Eisma is skriuwer/skathālder fan de KFFB. Fan de 12.000 leden yn de jierren sechtich, binne der noch 2500 oer, mar de KFFB is noch altyd de iennichste śtjouwer dy't in earste printinge fan 3000 eksimplaren op de merk bringt. Yn 1963, doe der in skieding kaam tusken lektuer en literatuer, waarden resinsjes fan de KFFB-boeken net mear yn de Tsjerne opnommen. De romans binne no net allegear kristlik mear fan ynhāld en it wurdt hieltyd dreger om goede manuskripten te krijen. It buorket efterśt, mar se binne noch altyd ien fan de grutste śtjouwers.

L.C.; 9 desimber 2005               Babs Gezelle Meerburg besprekt de nije dichtbondel fan Baukje Wytsma "De dichter swijt". Sintraal tema yn de bondel is it fertriet fan dejinge dy't efterbliuwt nei it ferstjerren fan de leafste. It is net sa'n positive krityk. Gezelle Meerburg hat it oer betiizjende perspektyfwikselingen. Foar lźzers dy't yn poėzy treast sykje, is de dichtbondel te dreech. Leafhawwers fan abtrakte fersen fine yn dizze bondel net wat se sykje. 

Friesland Post; novimber 2005   Fan bōlebakker ta breaskriuwer. In artikel oer Waling Dykstra. It libben fan Waling Dykstra wurdt beskreaun en de neiteam komt oan it wurd. Op 12 novimber is der in konsert yn de Grutte tsjerke fan Froubuert mei ū.o, ferskes dy't er skreaun hat. Hy hat in protte skreuan en it wie in reade skriuwer. De Waling Dykstra Stifting is oprjochte om dit alles te bewarjen.

L.C.; 7 oktober 2005                 In hiele side oer it boek dat Aukje Holtrop skreaun hat oer it libben fan Nynke van Hichtum. Neffens Aukje Holtrop bleau Nynke altyd ticht by har eigen werklikheid en se skreau meastentiids oer har eigen jeugd. Holtrop promovearre juster op de biografy oer Sjoukje Bokma de Boer (Nynke van Hichtum)

NRC; 7 oktober 2005                In hiele side oer Nynke van Hichtum, alias Sjoukje Bokma de Boer. Nei oanlieding fan it boek dat Aukje Holtrop oer har skreaun hat. Har libben befette genōch stof foar in biograaf. De opkomst en ūndergong fan it houlik mei Pieter Jelles Troelstra wurdt moai beskreaun.De skriuwster fan it boek hat noch goede herinneringen oan de boeken fan Nynke.

F.D.; 15 oktober 2005               Jant van der Weg skriuwt oer Aukje Holtrop, dy't op har beurt oer Nynke van Hichtum skriuwt. Holtrop promovearre ferline wike yn Grins op de biografy fan Nynke van Hichtum. Fan it proefskrift is in hannelsedysje makke, dy't de lźzer nije ynsjoch jaan kin oer it libben fan Van Hichtum.

Boek; septimber 2005                In koarte opsomming: Fraachpetear mei Durk van der Ploeg dy't 6 septimber 75 jier wurdt. In stikje oer Antine Zijlstra, toanielskriuwster. 'De betoverhoed', it aksjeboek foar de bern troch Akky van der Veer. Debutant Sjieuwe Borger komt net oan skriuwen ta. Aukje Holtrop oer Nynke van Hichtum. Horrer yn it Frysk, Henk Wolf set bestseller horrorskriuwer Dean Koontz oer yn it Frysk. Triology Riek Landman is in echte topper. Harmen Wind jout dosintskip op foar it skriuwersfak. En Fierder stiet dit tydskrift fansels fol mei oar boekenijs.

L.C.; 30 septimber 2005             Oare tiden, oare seden. Babs Gezelle Meerburg skriuwt oer de blomlźzing dy't Abe de Vries makke hat fan it wurk fan Douwe Hermans Kiestra: 'Skielk beart de hjerst'. Wurdearre kritisy wurde troch Abe de Vries as skoaljonges yn 'e hoeke setten. Abe de Vries syn ynlieding is soms te min fundearre, te sjoernalistyk en te ropperich om wittenskiplik te oersjūgjen.

L.C.; 9 septimber 2005               Juster is Durk van Ploeg yn de Iepenbiere bibleteek fan Ljouwert huldige foar syn 50-jierrige skriuwersskip en foar syn 75ste jierdei.Yn de bibleteek krige er it boek 'Dreame fan in oare wrāld', in liber amoricom. Dat sommige kritisy psychologyske romans ālderwetsk fine, kin him neat skele. As er tiid fan libben hat, komme der grif noch boeken fan syn hān.

F.D.; 27 augustus 2005               In wrāld fan bibel, bidden en blabber, sa sjocht Tsjerk Veenstra nei it nijste boek, 'de Iishilligen' fan Durk van der Ploeg. Der wurdt beskreaum wat der yn it boek foarfalt. Veenstra hat krityk op it perspektyf, de fletse figuer fan Rika en it ūntbrekken fan fertroulikheid. Literźr sjoen falt der net folle te genietsjen.