Maatskippij

 

Ofkoartings:   L.C. = Leeeuwarder Courant;  F.D. = Friesch Dagblad

L.C.; 31 desimber 2007         Op de lźste dei fan it kongres fan de Fryske Federaasje fan Studinten hawwe de studinten besletten dat sy in alternative profylskets skriuwe sille foar de nije kommissaris fan de keninginne.

L.C.; 29 desimber 2007         Fryske studinten binne juster troch taalūndersiker Alex Riemersma oproppen om aksje te fieren tsjin de meagere taaleasken by topposysjes yn Fryslān. Riemersma wie op it 75ste Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn de Bogt fen Guné yn Frjentsjer. As śtdaging foar de kommende tsien jier sjocht er it ynfieren fan in trijetalige stream yn it fuortset ūnderwiis. 

L.C.; 29 desimber 2007         De kwaliteit fan it Frysk giet efterśt en dat sjogge werom yn 'e krante. Rimmer Mulder skriuwt oer it feit dat er de doelstelling 'minder flaters yn 'e krante' net helle hat.

L.C.; 29 desimber 2007          Nieuwenhuis śt Ljouwert skriuwt nei oanlieding fan it stik fan Pieter de Groot. De presintatoren hoege de teksten allinne mar foar te lźzen. Is der gjin kollegiaal advys? 

L.C.; 24 desimber 2007          Deelstra reagearret op it stik fan Pieter de Groot oer de Omrop. De Omrop krijt stipe fan de provinsje en sy tankje harren posysje oan de Fryskpratende befolking! Mar der moat fansels folle mear barre as allinne Omrop Fryslān oan te trśnjen.

Bolsw nbl; 19-12-2007           Jannewietske de Vries is op besite by it Gysbert Japicxhūs yn Boalsert. De Fryske tekstwinkel anneks museum bestiet 15 jier. Baukje Miedema joech in oersjoch fan wat der allegear dien is yn de ōfrūne jierren. As oantinken is der in blomlźzing fan gedichten en teksten makke ūnder de titel 'Flarden'. Boargemaster Vroegindeweij oerlange Jannewietske de Vries it earste eksimplaar. 

F.D.; 15 desimber 2007          Hūnderten, nee tūzenen Fryske teksten hat It Gysbert Japicxhūs yn Boalsert al levere. Sketskes foar feesten, rou-advertinsjes, gedichten, bertekaartsjes en gean sa mar troch. de Boalserter tekstwinkel bestiet fyftjin jier en fiert dat mei in sammelwurk 'Flarden'. De fraach nei geve Fryske teksten sil altyd bestean bliuwe.  Rianne Kramer docht ferslach oer it wurk fan de meiwurkers. 

L.C.; 14 desimber 2007          Pieter de Groot is yn 'Dwers' oan it wurd oer oft standertfrysk foar de Omrop wol reėel is. By Omrop Fryslān komme hieltyd mear minsken te wurkjen dy't it Frysk op har eigen wize śtsprekke. As der kommintaar op komt, wurdt der sein dat sy gjin taalbefoarderes binne. Sytse Hiemstra soe graach sjen dat hiel Fryslān him oan de Afūk-noarm hold. It Frysk is by de Omrop gjin fanselssprekkende saak.

L.C.; 9 desimber 2007            Publisist Kohnstam  wurdt oan it wurd litten oer oft it no 'It Heidenskip' is of 'Het Heidenschap' en oft jin dat sa oerstee kinne. Der blike gjin fźste regels foar te bestean. 'It Heidenskip' hat de foarkar, mar om no te sizzen dat 'Het heidenskip' net mei ............... dat giet te fier

L.C.; 9 desimber 2007            Minister Guusje ter Horst fan 'Binnenlandse Zaken' skriuwt dat trije leden fan de "Partij voor de Vrijheid" de posysje fan it Frysk miskenne. De trije wolle dat der gjin Turks mear praten wurdt yn gemeentegearkomsten en sa. Sy wolle dat der allinne noch mar Nederlānsk brūkt wurdt. Soks kin net om't dat de posysje fan it Frysk oantaast.

L.C.; 9 desimber 2007             Doutzen kroes wint Fryske Perspriis 2007. Se foldocht neffens de Verieniging fan Fryske Sjoernalisten treflik oan de kriteria.

L.C.; 7 desimber 2007             Krapoan tritich jier hat Durk Gorter fan de Fryske Akamedy ūndersyk dien nei it Frysk. Ut de ūndersiken kaam alle kearen nei foaren dat it Frysk sa hurd net efterśt buorket as in protte Friezen tinke. Tongersdei nimt Gorter ōfskied en ferfart er nei San Sebastian yn Spanje om ynternasjonaal ūndersyk te dwaan nei minderheidstalen yn it ūnderwiis en de mearwearde fan meartaligens. Sytse de Vries docht ferslach yn Freed.

L.C.; 29 novimber 2007           Praat mar Frysk! Frysk is cool, Frysk is hip, Frysk is Doutzen Kroes.... Frysk mei! Juster sette de promoasjekampanje yn Oentsjerk śtein. Geart Arend Roorda is mei Doutzen Kroes it gesicht fan de kampanje. In nije frisse oanpak is nedich om de jongerein oan te sprekken.

F.D.; 24 novimber 2007           Yn de Sneinspetiele skriuwt Peke syn ferwachtings del oer de nije kampanje om de Fryske taal te stimulearjen. Hy fynt it in geweldige set fan it provinsjebestjoer om foar Doutzen te kiezen. Neffens Peke soe se sels taalles jaan moatte foar de tillevyzje. It manlike diel fan Fryslān sil dan wis mei te dwaan!

L.C.; 22 novimber 2007           Fotomodel Doutzen Kroes sil reklame meitsje foar it brūken fan de Fryske taal. Der sille troch de provinsje noch mear oansprekkende minsken socht wurde foar de kampanje.

L.C.; 9 novimber 2007              Yn 'Dwers' pleitet Piter de Groot foar it Frysk yn de grūnwet mei in Fryske kommissaris. It Frysk driget sels yn Fryslān yn minderheidstaal te wurden. Hollānsktalige bazen sette de toan en it Frysk is net mear funksjoneel. Wol it Frysk oerlibje, dan moat it in haadrol krije, kultureel, bestjoerlik en ekonomysk. It moat foar guon plakken in funksje-eask wurde en it Frysk praten moat beleanne wurde. De provinsje kin by himsels begjinne troch in Frysktalige kommissaris te beneamen. 

L.C.; 8 novimber 2007              In komitee śt de Fryske Steaten sil de kommende jierren besykje om de Fryske taal yn de Nederlānske grūnwet te krijen.

L.C.; 31 oktober 2007              Thom Dijkstra śt Itens is lilk op Wetterskip Fryslān om't de meiwurkers him net yn it Frysk te wurd stean woenen. Hy tocht dat er mei it kantoar yn Stiens belle, mar it wie in calcenter yn Alphen a/d Rijn. It Wetterskip seit it Frysk te stypjen, mar Dijkstra fernimt der net folle fan.

L.C.; 27 oktober 2007              De Ried foar de Fryske Beweging wurdt grutter en ferjonget. De freonen fan Omrop Fryslān binne lid wurden fan de Ried foar de Fryske beweging. Fierder is de 42-jierrige Sjieuwe Borger bestjoerslid wurden fan de Ried.

L.C.; 18 oktober 2007              It taalbelied fan de provinsje Fryslān kin as model brūkt wurde foar oare minderheidstalen yn Europa. Dat fynt Aleksander Studea-Kischues, foarsitter fan de YEN. De Europeeske jongerein is op ūtnoeging fan it FYK op Skilge foar in kongres.

L.C.; 12 oktober 2007              Op syn 75ste jier begjint Rients Gratema oan in nije karriźre as regisseur. Hjoed in wike is de premiźre fan 'Baas boppe baas' as teaterstik, de wyks dźrop begjinne de repetysjes foar 'Arendz' Arends by Tryater.  Dit is allegear te lźzen yn Freed.

L.C.; 3 oktober 2007                Sūnt 1950 wurdt alle jierren de yn 1345 levere Slach by Warns betocht. Sprekkers dy't it wol sizze doare foarmje de lźste jierren in fźst ūnderdiel fan de betinking. Mar hat der ea immen in grien pompeblźd op it jaske fan Ed Nijpels sjoen? Dit jier is de 22-jierrige Pascal Anton yn it bestjoer kommen yn it plak fan pastoar Jan Romkes van der Wal. Dizze East-Fries striid foar de Fryske taal wźr dat mar mooglik is.

L.C.; 3 oktober 2007                De ynfiering fan de Fryske plaknammen yn Dantumadiel giet dochs troch. De gemeente hat in tafaller troch in hegere śtkearing fan it ryk. Der hoecht no ek minder besunige te wurden.

L.C.; 3 oktober 2007                Der blykt in grutte belangstelling te wźzen foar de fergese kursus Frysk dy't Tytsjerksteradiel oanbiedt oan redaksjes fan doarpskranten. De Afūk jout 8 lessen mei as ūtgongsmateriaal eigen ferslaggen en resinsjes. 

L.C.; 25 septimber 2007           Sietse de Vries skriuwt in stikje oer de reaksjes fan Guy Coolen yn it artikel fan 21 septimber. De Vries fynt dat it Frysk hielendal net funksjoneel hoecht te wźzen. Frysk hat ek hielendal gjin haadrol nedich en hoecht net funksjoneel te wźzen om it gewoan in plak te jaan dźr't it rjocht op hat.

L.C.; 24 septimber 2007           In nije tillevyzjestjoerder moat it gebrūk fan de Fryske taal ūnder de jongerein stimulearje. It is no allinne noch mar te sjen op ynternet. It is noch net de bedoeling om ek op tillevyzje śt te stjoeren, mar wa wit komt dat noch.

L.C.; 22 septimber 2007           De nije Fryske ensyklopedy kin yn 2012 klear wźze, seit Reinier Salverda fan de Fryske Akademy.

L.C.; 22 septimber 2007           De oankundige reorganisaasje is net foar te kommen. De fźste lesten binne te heech. As it sa troch giet, rint de eksploitaasje yn it hūndert, sei Salverda juster yn Ljouwert. Hy presintearre juster it strategysk beliedsplan fan de Akademy.

L.C.; 21 septimber 2007           Yn Freed pleitet Guy Coolen, saaklik en artistyk lieder fan musykteater Transparant yn Antwerpen en sūnt koart ek artistyk lieder fan de operadagen yn Rotterdam, om de latte heech te lizzen foar it Frysk festival fan takom jier. Hy fynt dat it best wol wat minder beskieden wźze mei. De Fryske taal sil in funksjoneel plak ha moatte yn it gehiel.

L.C.; 13 septimber 2007           Deputearre Jannewietske de Vries wol in sterkere lobby foar it Frysk yn Den Haag en Brussel. Mear foech foar de provinsje, Frysk yn de grūnwet en mear jild en in bettere posysje foar omrop Fryslān, dat binne neffens Arno Brok de wichtichste punten.

L.C.; 4 septimber 2007             De Fryske Akademy sil reorganisearje. It Aljemint, de boekwinkel en de śtjouwerij wurde sletten. Der moat noch in beslśt nommen wurde foar nijbou fan it ynstituut, om't de gebouwen dźr't sy no yn sitte te djoer en te ūnpraktysk wurde.

L.C.; 31 aug. 2007                    De ynfiering fan de Fryske plaknammen stiet faai yn Dantumadiel. Der is op dit stuit te min jild foar beskikber.

L.C.; 31 augustus 2007              Spesjaal foar de ynwenners fan Fryslān makket Windows in Fryske ferzje. De minsken hawwe ūngefear in heal jier nedich en de kosten wurde rūsd op sa'n hūnderttūzen euro.

L.C.; 30 augustus 2007              De kompjūter en de tillefoan sille yn de takomst better yn it Frysk te betsjinjen wźze. De provinsje wol it Frysk tagonkeliker meitsje foar de jongerein. Microsoft is ree om in Fryske ferzje fan Office te meitsjen. De provinsje wol de ynwenners aktiver behelje yn it libben hālden fan de taal en hat dźr jild foar beskikber steld. Dit hat Jannewietske de Vries, deputearre foar taal en kultuer hjoed bekend makke.

L.C.; 24 july 2007                      De staatssekrtaris, Sharon Dijksma, hat noch gjin beslśt nommen oft de Fryske taal yn de grūnwet komt. Se hat gjin oardiel oer de trijetalige skoallen, dat lit se oan de deputearre steaten oer.

Bolsw. Nieuwsbl.; 13-6-07    As it oan Josje Hennink fan ProWūn leit, krije alle nije ynwenners fan Wūnseradiel frijkaartjes foar in foarstelling fan Tryater,  dy't yn de eigen gemeente oanbean wurdt. Sa fange jo twa miggen yn ien klap: mear podia en de befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Hja krige gjin steun fan oare fraksjes. De rie fynt wol dat twatalich śnderwiis omtinken fertsjinnet, no't śt ūndersyk bliken docht dat dat it abstrakte tinken by bern befoarderet. Soks is de taak fan de skoallen en de provinsje.

Bolsw.Nieuwsbl.; 23-5-07     Ate Wiersma hat tiisdei yn museumbuorkerij 'De Izeren Ko' yn Allingawier, it earste nije eksimplaar krigen fan it Fryske Boerekwartet. Wiersma wie ien fan de leden fan 'de Blauwe Seilbokse' dy't yn 1938 it kwartetspul ūntwikkele hat. Utjouwerij Hoekstra śt Emmeloord jout it spul śt om't hja 125 jier bestean. It kwartetspul sjocht der śt sa't it yn 1958 op 'e nij śtjūn is en dat is oars as dy fan 1938. It boerekwartetspul is rūnom yn de provinsje te krijen by VVV-kantoaren en de Afūkwinkel

L.C.; 18 maaie 2007              Pieter de Groot is oan it wurd yn 'Dwers' oer de besites fan Abram de Swaan en Ronald Plasterk oan de haadstźd. Al it fjoerwurk dat fan tefoaren ferwachte wie, kaam net en De Groot seit dan ek dat de Friezen sa njonkenlytsen feroare binne yn nuete skiep. Wy stekke de minister in fear yn 'e broek, want men kin immen dy't sa syn bźst dien hat om Frysk te praten, net ūtgnize om syn geknoffel. Om it ūnderwiis makket er him net de measte soargen, mar nammenste mear om de kultuerlobby.

L.C.; 12 maaie 2007              Fryske Akademy docht projekten foar de Basken. Mercator kennissintrum sil de kommende fjouwer jier projekten śtfiere foar it ministearje fan ūnderwiis fan it Baskenlān. Tonxtu Campos, de ūnderwiisminister, wie hjir juster foar in konverinsje fan twa dagen oer meartalich ūnderwiis. Der binne grutte ferskillen yn de meartalige gebieten. De oergong fan basisūnderwiis nei fuortsetūnderwiis ferrint yn de measte lannen stroef as wy it ha oer taalūnderwiis yn de minderheidstaal. Mercator wol ūndersyk dwaan nei de ekonomyske effekten fan meartaligens, soks moat te mjitten wźze as meartaligens feardiger makket.

L.C.; 12 maaie 2007              Sjong, it Fryske songfestival foar it fuortset ūnderwiis is wat in famkessaak. Om dźr feroaring yn te bringen, wurdt der takom jier in nije kategory bymakke: de F-rap. Der wienen 16 dielnimmers op it festival. De Fryske teksten hawwe de learlingen sels skreaun. De sjuery joech de priis foar de bźste tekst oan Patricia van der Wal en Brechtsje Brouiwer śt Ferwert. It bźste optreden wie fan Marielle Osinga en Fetske van der Meulen en de publykspriis gong nei Aukje Schaafsma en Benno Veenstra.

L.C.; 27 april 2007                Fryskhater De Swaan blykt taalromantikus te wźzen. It soe wol fjoerwurk opleverje as je sa'n man nei De Bres yn Ljouwert helje, wylst de seal fol sit mei taalstriders. Dat foel wat ta (of ōf). De Swaan wiisde op de gefaarlike kānt fan de saak, sjoch nei de Basken, mar oars hat der dochs net te folle muoite mei it Frysk, as de Friezen harren lokkich fiele mei harren taal. De wrāld giet foar jo iepen as jo mear talen behearskje, dat wol fansels.   

L.C.; 27 april 2007                Riedslid Fokke Jagersma fan de PvdA yn Dantumadiel hat moandei foar opskuor soarge yn Straatburg. Hy begūn foar de 'Rie fan Europa' yn it Frysk te praten. Fokke hat it mei opset sin dien (elk moat him yn de memmetaal terje kinne), mar gong fierder yn it Ingelsk om de Rie yn de kunde te bringen mei it projekt 'Heel het dorp Zwaagwesteinde'.

L.C.; 25 april 2007               Damwoude wurdt Damwāld. Dantumadiel krijt as fyfde gemeente offisjeel Frysktalige plaknammen. Alline de CU wie tsjin, om't hja de kosten te heech fūnen. Dijksterhuis fan de CU fūn dat it jild better bestege wurde kin om āldelju te stimutearjen harren bern Frysktalich grut te bringen.

L.C.; 25 april 2007                Hieltyd minder āldelju jouwe de Fryske taal troch oan de bern. Dat docht bliken śt de grutte taalenkźte dy't holden is ūnder 17000 ynwenners fan Fryslān. It oantal ynwenners dat de Fryske taal noch machtich is, bleau gelyk. It skriuwen is sels foarśtbuorke. Bertus Mulder sjocht it net al te swart yn. It tal jongelju dat wer oergiet op it Frysk, soe neffens him wer ta nimme.

L.C.; 25 april 2007               De Afūk reizeget mei in nij foarlźsboek foar de ālderein troch de provinsje. It doel is om aktiviteitenbegelieders oan it Frysk foarlźzen te krijen. Juster waard de earste masterclass, foarlźzen oan ālderen, holden mei help fan Rients Gratema. It boek is gearstald troch Akky van der Veer en Baukje Wytsma, en hat as tema: Skoalle. It is it doel om fan 't jier ek noch in twadde foarlźsboek śt te bringen.

L.C.; 21 april 2007                De Rie fan de Fryske Beweging is net by steat om it Frysktalich Fuotbalālvetal ōf te feardigjen nei it kongres fan de FUEN, dat holden wurdt yn de haadstźd fan Estlān, Tallinn. Fyn mar ris ālve minsken dy't dat op eigen kosten dwaan wolle!

L.C.; 18 april 2007                It bestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) sjocht gjin mearwearde mear yn in oansluting by de Rie fan de Fryske Beweging. De leden beslisse sneon oft se der śt stappe sille. Oare organisaajes binne net fan doel om soks ek te dwaan. De Rie soe him ferstrekje moatte.

L.C.; 4 april 2007                  Sietse de Vries beskriuwt wat der allegear yn 'de Moanne' nr. 3 te lźzen falt. In stikje oer Hieke Postma, ūnderwiiswethālder fan Achtkarspelen, dy't it hat oer efterstānsbern. Toanielskriuwer Jeroen van den Berg, dy't sa no en dan nei New York giet. Gerben Abma skriuwt oer de heldenferearing fan E.B. Folkertsma en op de omslach sjogge wy Bertus Mulder op 'e motor. Fedde Dijkstra beskriuwt de ynhāld fan 'Onze Taal' nr. 4 dat giet oer 'Frisia non cantat' troch Riemer Reinsma en Erwin Wijman faget yn datselde nūmer de flier oan mei neatsizzende bedriuwsnammen.

L.C.; 31 maart 2007              De Afūk is dwaande om in rige foarlźsboeken foar ālderen yn soarchynstellingen te meitsjen. Oer in moanne ferskynt it earste diel, 'Skoalle', skreaun troch Boukje Wytsma en Akky van de Veer. Fierder organisearret de Afūk masterklassen om de keunst fan it foarlźzen by te bringen. Jo kinne jo opjaan by de Afūk (i.heddema@afuk.nl).

L.C.; 29 maart 2007              Om it Frysk neist it Nederlānsk yn de Grūnwet te krijen is op 'e nij mislearre. Twadde keamerleden hawwe dat juster witte litten oan de politike kommisje fan de Ried fan de Fryske Beweging. De omfoarming fan Omrop Fryslān ta in 24-oers stjoerder en it ferplichte ynfieren fan de Fryske taal op pjutteboartersplakken giet ek net troch. Der wie wol stipe foar it ynstellen fan in rykskommisje om te sjen oft de ōfspraken dy't makke binne tusken regear en provinsje, śtfierd wurde.

L.C.; 16 maart 2007              De Fryske Akademy is net ōfhinklik fan studinten Frysk. Dat seit Piter Duijff fan de FA. nei oanlieding fan de śtspraken fan Salverda juster. Der binne in protte ūndersikers dy't in hiel oare eftergśn hawwe. Mar oan it oanbod fan studinten Frysk leit it de kommende jierren ek net. Duijff sjocht gjin heil yn it ferlytsjen fan de fźste groep meiwurkers. De assistinten wurde dan oplaat foar in oar, om't jin harren gjin baan oanbiede kinne.  

L.C.; 16 maart 2007               De 77-jierrige Bertus Postma fierde juster syn feestje. Hy hat it foar elkoar krigen dat sawat alle Fryske gemeenten de nammen fan harren wetterlopen ferfryske hawwe. Postma stie al bekend om syn strideraasjes faor Fryske plaknammen. Bloedsloot hiet fuortoan Bluodderige Feart!

L.C.15 maart 2007                  De Fryske Akademy hat ferlet fan farsk bloed, dat sei Reinier Salverda , direkteur fan de FA juster by in lźzing. De FA hat trije haadfakgebieten, neist taalkunde en sosjale wittenskip giet it om letterkunde, skiednis en nammekunde. Salverda wol graach mear assistinten yn oplieding oannimme.  Fierder is de FA op 'e syk nei nije fūnsen  en drukke de kosten fan "It Aljemint" te folle op it budzjet.  

L.C.; 14 maart 2007                 Rinze Boersma wurdt foarsitter fan de kommisje dy't de Fryske skiedniskanon foar it ūnderwiis gearstalle moat. Yn juny nimt provinsjale steaten in beslśt oar in subsydzje fan € 200.000.

L.C.; 9 maart 2007                   Aggie van der Meer fan Boalsert reagearret mei in ynstjoerde brief op de kollum fan Plasterk fan sān jier tebek. Aggie hie him destiids har earste publikaasje 'De stźd, it bist, de ingel' tastjoerd. It wie in moai skreaun mar dreech te lźzen. Hy skreau in aardich briefke werom dźr't se de konklśzje śtlūke koe dat er net fierder as de earste side kommen wie. Wa wit komt dat noch.

L.C.; 8 maart 2007                   De apparatuer yn de nije parkeargaraazje op It Hearrenfean sil ek gebrūk meitsje fan de Fryske taal, neist Nederlānsk, Ingelsk en Dśtsk. It wie in idee fan de leveransier. It is miskien benammen aardich foar de toeristen.

L.C.; 2 maart 2007                   Piter de Groot skriuwt yn 'Dwers' oer it Frysk dat in boarne fan argewaasje wźze soe. In sekere Franconi śt Ljouwert hie reagearre op de promoasje fan it Frysk en wie ta de konklśzje kommen dat it promoaten fan it Frysk ūnsinnich is. Promoasje is foar De Groot net in doel, mar it brūken fan de taal kin sjoen wurde as promoasje. Hy skriuwt oer minsken dy't hoekhālde as it om de taal giet, mar ek oer foaroansteande Friezen dy't yn iepenbiere śteringen it Frysk brūkten, mar yn 'e hūs Hollānsk praten. Hy neamt in rygje en slśt ōf mei de śtspraak dat taal yn it foarste plak in pratysk kommunikaasjemiddel is.

L.C.; 2 maart 2007                    Minister Plasterk sil in part fan syn taspraak yn it Frysk hālde. Hy komt hjir ynkoarten yn Ljouwert op besite by it Natuermuseum. Noch in wike letter sil er de hegeskoallen besykje. Dźr sil er syn rede hālde.

L.C.; 22 febrewaris 2007           Doarpsbelangen en ūndernimmingsferieningen yn Dantumadiel reagearje op it beslśt fan de geweenteried om plaknambuoreden te ferfryskjen. De mieningen rinne śtien. Der binne guon dy't it 'leuk' fine, mar de minsken sjogge ek op tsjin de kosten. Yn oare gefallen binne de minsken bang dat de lju fan būten it doarp net mear fine kinne. Zwaagwesteinde soe feroarje yn Westerein. Yn 't generaal binne de reaksjes wat koel. 

L.C.; 21 febrewaris 2007            De mearderheid yn de ried fan Dantumadiel is foar it ynfieren fan Frysktalige plaknambuorden. It definitive beslśt moat noch nommen wurde, mar se binne fan doel op fanōf 1 oktober 2007 de plaknambuorden te ferfryskjen. Se wolle dat yn 10 jier realisearje. Der waard noch bot diskusearre oer it al of net fuortsmiten fan jild. Dantumadiel is de 5de gemeente dy't de Fryske plaknammen ynfiert.

L.C.; 20 febrewaris 2007            Yn de gast skriuwe PvdA politisy in reaksje op it artikel fan Oppewal en Hemminga fan 12 febr. Anita Andriesen, Bertus Mulder en Jannewietske de Vries binne it net iens mei de iensiedige beljochting fan it probleem. De politisy helje ūndersiken oan dźr't śt bliken docht dat besjoerlike ienheden fan 600.000 oant 700.000 minsken it bźste is. Fierder bringe se de ekonomyske groei, it toerisme en it bloeiende ferieningslibben fan de doarpen op it aljemint. Neffens de politisy moatte wy yn Fryslān twa bewegings meitsje: lytsskalich en heechweardich.

L.C.; 19 febrewaris 2007           De PvdA-ōfdieling fan Ljouwerteradiel hat minister Plasterk, op it kongres yn Swol, het boek 'Myn earste fryske Van Dale' oanbean. Plasterk hat ek yn 'e gaten krigen dat syn kollum hjir wat los makke hat en sei dat er it allegear net sa bedoeld hie.

L.C.; 17 febrewaris 2007           Neffens de direkteur fan de Fryske Akademy, Salverda, soe de ynformaasje op de ferkearsbuorden yn it Frysk en it Nederlānsk moatte. Dit is ien fan de śtspraken west juster op in ferkiezingsjūn oer de takomst fan de taal. De Ried fan de Fryske Beweging hie de jūn organisearre mei fertsjintwurdigers fan de politike partijen. Moat de taal oplein wurde of moat it fan binnenśt komme?  Guon jongerein ferfeelden harren en ferlieten de seal. It wie harren te negatyf.

L.C.; 16 febrewaris 2007           Piter de Groot reagearret yn 'Dwers' op it kollumke fan Plasterk. Neffens De Groot sitte der al in soad minsken yn Fryslān yn tūzen noeden. It liket him ek it bźste ta dat der straks wer in PvdA-bestjoerder de ūnderwiis- en kultuerportefeuille krijt. Foar it ūnderling fertrouwen soe dat wolris goed wźze kinne. It liket him net goed ta, dat as de FNP op it plśs komt, dizze post krije soe. Fierder reagearret De Groot noch efkes op it it stik fan Hemminga en Oppewal oer de 'eroazje fan Fryslān'. It hoecht neffens him gjin oanslach te wźzen op de eigen identiteit.

L.C.; 15 febrewaris 2007           De FNP is net bliid mei de beneaming fan de nije minister fan Underwiis, Ronald Plasterk. Yn 2000 neamde Plasterk it fak Frysk yn syn kollum in 'sprookje'. In stikje fan syn skriuwen wurdt hjir oanhelle. Neffens Johannes Kramer fan de FNP sil er net goed wźze foar it Frysk. 

L.C.; 14 febrewaris 2007           Fan arbeidersjonkje oant deputearre, in stik oer Bertus Mulder dy't 16 jier yn de provinsjale polityk aktyf west is. Tolve jier hat er hoeder west fan ūnder mear de Fryske taal en kultuer. It stik docht ferslach fan syn libben en syn tinken en hoe't er him steande holden hat yn politike stoarmen. Mulder hat besocht om de Fryske taal śt de ideologyske hoeke wei te heljen. Dat er it Frysk sa stadichoan emansipearre hat, jout him de aldergrutste freugde.

L.C.; 12 febrewaris 2007            Der is ferlet fan fisy op de takomst fan Fryslān. It sjocht der nei śt dat Fryslān troch de skaalfergrutting fan binnenśt ōf begjint te broazeljen. De typysk Fryske organisaasjes gean op yn in grutter ferbān. Sjoch mar om jin hinne: de Fryske boere-organisaasjes, de ūnderwiisbegeliedingstsjinst, Wettersteat, Keamer fan Keaphannel ensafourthinne, ferdwine yn in grutter gehiel. Mei de ferkiezings wurdt it de heechste tiid dat de politike pertijen dśdlik meitsje wat harren fisy is op de takomst fan Fryslān. Skreaun troch Teake Oppewal en Piet Hemminga.

L.C. 8 febrewaris 2007               Frysk komt noch yn it regear akkoart. Dat wurdt dien om diskusjes oer de status fan taal foar te kommen, sūnder dat der wat oan de posysje feroaret.

L.C.; 7 febrewaris 2007              Jac. van der Wal skriuwt in ynstjoerd stikje oer it Frysk. Hy beklaget him der oer dat Friezen harren rźch net rjochthālde as der ek mar ien Hollānsk wurd falt. No wol de gemeente Dongeradiel besykje de plaknammebuorden yn it Frysk te setten. Van der Wal sjocht it as in nobel stribjen , mar is bang dat it weismiten jild wźze sil.

L.C.; 6 febrewaris 2007               It nije kabinet lit it Frysk śt de grūnwet. It Nederlānsk kriget beskerming yn de grūnwet, mar de nije ministersploech is fan miening dat dat foar it Frysk net hoecht. It Frysk wurdt ommers al beskerme troch it Europeesk hānfźst foar minderheidstalen.

L.C.; 6 febrewaris 2007                Pieter de Groot skriuwt yn 'Harje' oer de echo fan de Koekkoek. Yn 1995 ha de keamerleden Koekkoek en Middelkoop, mei it each op de Europeeske ienwurding, pleite om it Nederlānsk yn de grūnwet te krijen. Dat like it pearse kabinet doe net nedich. It Nederlānsk wie dochs ommers in offisjele taal. Koekkoek makke him dertiids ek soargen oer it Frysk. As it Nederlānsk deryn komt, moat it Frysk der ek yn komme. Hoe sinfol is it om dat te easkjen?

L.C.; 2 febrewaris 2007                Kerst Huisman skriuwt yn 'Te gast' oer it ferskil tusken Grutte Pier en Tjede Pekes. Tjede mei eins net ferlike wurde mei Grutte Pier. Pier wie net sa'n bźsten ien en der mei ek wol twivele wurde oan syn goede bedoelings mei Fryslān. Yn de njoggentjinde ieu is it ferhaal oer Grutte Pier romantisearre.

L.C.; 31 jannewaris 2007               De Rie fan de gemeente Dantumadiel siet juster mei acht gasten en in tal ynwenners fan de gemeente om 'e tafel om te sjen hoe't hja it Frysk stimulearje kinne. De plaknammen soenen yn it Frysk op 'e bourden moatte; mear trijetalich ūnderwiis; helder taalbelied fan de gemeente. Dat wienen de wichtigste śtstellen.

L.C.; 26 jannewaris 2007               De Friezen yn Dśtslān hawwe sūnt juster harren eigen Greate Pier. It is de fersetsheldinne Tjede Peckes, dy't yn 1517 yn āldens fan 17 jier, stoar foar de Friezene Frijheid. Juster is in tinkstien ūntbleate yn Wremen op it plak dźr't hja stoarn is. De Groep fan Auwerk bea in troch harren ūntwurpen ynterfryske flagge oan.

L.C.; 17 jannewaris 2007               De provinsje hat opdracht jūn ta in wiidweidich ūndersyk nei de behearsking fan de Fryske taal. 32.500 hśshāldingen krije in enkźte yn 'e bus. De śtkomsten wurde brūkt om maatregels te treffen foar de ynstānhālding fan de Fryske taal. It doel is dat 95% fan de befolking de taal ferstean kin, 70% de taal lźze en prate kinne en dat 20% harren taal goed skriuwe kinne.

L.C.; 12 jannewaris 2007               Frivius hat juster de "Fear yn 'e broek" krigen fan de Ried fan de Fryske Beweging. De priis wurdt alle jierren takend oan immen of in ynstānsje dy't in positive bydrage leveret oan de Fryske taal. It enerzjybedriuw Frivius kommunisearret yn de Fryske taal mei harren klanten.  

L.C.; 27 desimber 2006                  In ynstjoerd stikje fan E.S. Buren. Dizze skriuwer reagearret op in stik fan Froukje Mulder dy't it bespotlik fynt as jin jin yn in winkel yn Fryslān net mear yn it Frysk fersteanber meitsje kin. Dizze skriuwer is it dermei iens, mar fynt dat we se net te hurd falle moatte. Frysk is in yntelligente taal foar yntelligente minsken. De Bildtkers, stedsjers en Stellingwerven krijge ek noch in feech śt 'e panne.

L.C.;  27 desimber 2006                 Fryske Akademy ūntwikkelt logopedymateriaal foar Frysktalige bern. It is wichtich om de bern yn harren eigen taal helpe te kinnen. Neist oerienkomsten binne der ommers ek ferskillen tusken Nederlānsk en Frysk.

Viadukt; desimber 2006                  It parseberjocht fan de Afūk oer de nije website foar heiten en memmen yn Fryslān stiet hjir beskreaun. Om't in protte āldelju tinke dat it net goed is om de bern yn't Frysk grut te bringen, hawwe se ferlet fan goede foarljochting. Der stiet noch folle mear op de site en de ālden kinne ek fragen stjoere, dy't grif beantwurde wurdt. Sjoch: www.heitenmem.nl.

L.C.;   18 novimber 2006                Alle amtners soenen it Frysk aktyf behearskje moatte, dat seit FNP-wethālder Gerbrandy fan Wymbritseradiel. Boargemaster Liemburg fan Littensaradiel timpere de easken fan Gerbrandy, want se fynt dat de meiwurkers al tige harren bźst dogge. Acht gemeenten tekenen in yntinsjeferklearring oer it skriftlik gebrūk fan it Frysk. 

L.C.; 16 novimber 2006                  It Europeesk parlemint wol mear stipe foar it Frysk. Fanōf 1 jannewaris telt de Europeeske 23 offisjele talen. De lytse talen (Frysk, Katalaansk of Baskysk) wurde net brūkt troch de tolken en oersetters.

L.C.; 18 oktober 2006                    Pieter Nieuwenhuizen skriuwt oer de leden fan de Europese kommisje en it Europeesk taalbelied. Foar Nederlān sit der in heechlearaar Abram de Swaan yn dy kommisje foar de taalpolityk. Dy man hat in ōfwikende hālding tsjin mindersheidstalen oer. It keunstmjittich yn stān hālden fan lytse talen is foar him ūnsinnich. Hy hat it net foar it sizzen, want der binne noch tsien oare leden en dy tinke der oars oer. Yn septimber 2007 komme der wer nije oanbefellings.

F.D.; 2 oktober 2006                    Tsienjierrich bestean fan 'Platfoarm Lźsbefoardering'. Der soe in Fryske sms-taal komme moatte, sei Siem Jansen, ROC Friese Poort, justermiddei yn 'De Harmonie'. It moat allegear byldzjender mei śs taal. Deputearre Bertus Mulder fynt ek dat de taal mei de tiid meigean moat. Mei Tomke en Studio F binne wy goed op wei. Aad Mulder, direkteur fan 'Stichting Lezen' sei noch dat men syn eigen taal ferstean kinne moat om de eigen kultuer begripe te kinnen.

De Pompeblźden 4; okt. '06          Nei oanlieding fan publikaasjes fan de Brabānske filosoof Verhoeven dy't ū.o. skōging hold oer it Brabānske dialekt en de druk fan it Hollānsk, filosofearret Koen Zondag fierder oer it Frysk, dat deselde druk ūnderfynt. Yn dit artikel komt er ta konkrete ūtstellen foar āldelju en it ūnderwiis om dy druk te werstean.

L.C.; 22 septimber 2006               Yn de rubryk 'Te Gast' seit āldfoarsitter fan de Rie fan de Fryske Beweging, dat der 'gefaarlike folkloare' bestiet binnen de Rie. 

L.C.; 23 septimber 2006               Warns. 'Friezen binne sels skuldich oan de śtferkeap fan Fryslān'. Dat sei Johannes Kramer fan de FNP by de betinking fan de slach by Warns. 'Us lānskip ferrommelt en śs taal slyt'. De Klifgongers diskusearje oer in taalwet. Yn guon soarchynstellings wurdt ferbean om Frysk te praten. Soks soe oanpakt wurde moatte. Valk reagearret noch op it stik fan Westra: Neffens Valk kaam de reaksje fan Westra op in teloarstelling fan it ōfwizen fan syn fernijingsplannen fan ferline jier. Fan folkloare is gjin sprake, sels Bertus Mulder komt te sprekken en dat is dochs gjin folkloare!

De Pompeblźden; jierferslach  '05 Dit nūmer stiet fol mei ferskate artikels. In pear ūnderwerpen: In soad gemeenten binne mei taalbelied oan 'e gong. Hawwe ālde minsken yn soarchynstellings it wol nei't sin? Dat alles is bepraten op in stśdzjedei 'Goed āld'. Op de side derneist komt Sita Stavorius, opliedingskoordinator by Bennema State yn Hurdegaryp, oan it wurd oer  Frysk yn 'e soarch. Wa't mear witte wol, sjoch www.afuk.nl.

L.C.; 1 july 2006                          Yn 2020 moat de Fryske taal normaal wźze. Willem Bosma docht ferslach fan it nije praatstik fan Bertus Mulder: "Better sichtber, mear fertroud". Mulder ferliket Frysk mei Welsch en Katalaansk en stelt fźst dat it hjir wol better kin. Bedriuwen soenen bygelyks in Frysk etiket brūke kinne. In soad jild is der net beskikber.

De Pompeblźden 2; juny '06        By gelegenheid fan de betinking "50 jier Fryske eed en belofte" op 11 maaie l.l.,  hold mr. Oebele Brouwer, offisier fan justysje Grins, in ynlieding oer de ūntjouwing fan it Frysk yn it rjochtsferkear. Der is in soad berikt, mar it brūken fan it Frysk hāldt net oer. It is in ferslach fan in fraachpetear mei Brouwer. It ferslach fan de betinking stiet fierderop yn it blźd en foar mear ynformaasje kin sjoen wurde op www.gemeentenenfrysk.nl.

L.C.; 29 juny 2006                       Nei 12 jier ferdwynt de Fryske side śt de beide deiblźden. Yn 1994 stie der earst alle wiken in F-side yn 'e krante, dat waard letter ien kear yn 'e fjirtjin dagen. It berik wie te lyts en de kosten te heech. De fergese tematydskriften bliuwe bestean. De subsydzje foar it jongereinblźd Styl wurdt nei ūnderen bysteld. De Moanne moat groeie mei 350 abonnees en sa binne der noch wat mear lytse bystellings yn de subsydzjestream fan de Provinsje.

L.C.; 28 juny 2006                       Frysk lźzen en skriuwen moat better. Yn 15 jier tiid moat 20 persint fan de Fryske befolking it Frysk goed skriuwe kinne. Dat is ien de punten yn de nije taalnota fan G.S..70 persint moat it lźze kinne, 95 persint moat it ferstean kinne en 70 persint moat de taal goed prate kinne. De sichtberens fan de Fryske taal moat better. Omrop Fryslān moat in gruttere rol spylje en yn de soarch moat it Frysk oantrekliker wurde. Oansteande ālders moatte mear foarljochting krije oer meartaligens en it ūnderwiis moat ek mear dwaan. Op de lereareoplieding moat Frysk it goed plak krije.

De Pompeblźden 1; mrt. '06         Yn dit nūmer wurde Rindert Straatsma, dy't op 27 jannewaris ferstoarn is, betocht. Hy hat in soad betsjutten foar it befoarderjen fan de Fryske taal, bygelyks as direkteur fan de Afūk. Op side 10 wurdt Jehannes Ytsma betocht, hy ferstoar hommels. Hy hat him dwaande holden mei ū.o. de meartalige skoallen.

L.C.; 28 jannewaris 2006             De klacht dy't de Boksumer Gjalt Jelsma ferline jier april yntsjinne hat tsjin de plysje wie rjochtlik. De klachtekommisje advisearret de korpslieding om taalbelied te ūntwikkeljen. Jelsma sprekt oer de winslikheid om in taalombudsman oan te wizen, no't der hieltyd mear tillefoansintrales būten Fryslān de klanteservice foar it bedriuwslibben śtfiert.

L.C. 13 jannewaris 2006            De krante stiet fol fan reaksjes op de śtspraken fan Dales en Wagenaar. Mulder neamt de diskusje 'achterlik'! It wurdt tiid foar in taalwet. Nederlān hat in Europeesk Hānfźst ratifisearre, dat it ryk moat him der no sels earst mar ris oan hālde. Mulder fynt dat minister Remkes de mannen der op oan sprekke moat. Dales seit yn in reaksje fierderop yn 'e krante, dat er it Frysk wol in waarm hert ta draacht. Sjoch mar: Sels hat er Frysk ferstean leard, sadree't er hjir kaam en hy hat de lźste tsien jier mear foar it Frysk dien as syn foargongers. In oar stik fan Johannes Kramer, foarsitter fan de FNP-steatefraksje, neamt de śtspraken fan Wagenaar: Dom. Wźrom soe in allochtoane plysjeman gjin Frysk leare kinne? It hoecht net op Afūk-C nivo, mar alle minsken kinne yn koarte tiid it Frysk leare te ferstean. Willem Bosma, redaksje L.C., docht noch in stikje taalskiednis śt de doeken en hy konkludearret dat nei alle gedachten jildt dat wat mūniger de Fries wurdt, wat better de plysjeminsken de taal ferstean kinne sille.

L.C.; 12 jannewaris 2006           Korpsbehearder Wagenaar en boargemaster Dales fan Ljouwert beweare dat plysjeminsken it Frysk net ferstean hoege. Alle Friezen kinne ommers wol Nederlāns prate en hja moatte net formeel op harren strepen stean gean. Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel hat ferline jier doelbewust in poppekast makke fan in ynsidint yn Boalsert. G.S. ha de plysjeminsken derop oansprutsen. Rindert Agra seit op syn webstek dat de plysje in publyksfreonlike hālding hawwe moatte.

De Pompeblźden 5; des. '05       Europeeske minderheden hawwe in eigen webstek foar taalplenning. Wa't er mear fan witte wol, kin terjochte op www.languageplanning.com. It doel fan de webstek is om ynformaasje śt te wikseljen en ūnderfinings oer it brūken fan mear talen yn de hśshālding en mienskip te bepraten.

L.C.; 3 novimber 2005               Breidspearen litte harren hieltyd faker yn it Frysk tasprekke, dat is in ljochtpuntsje, mar wat de Fryske oerheid docht om it Frysk heech te hālden, hat net folle om 'e hakken. Dat konkludearret Durk Gorter fan it Berie fan it Frysk. Dochs is er net al te trystich, want der binne hieltyd mear gemeenten dwaande mei lykwichtich taalbelied. It kin noch wol better, want in grut tal amtners hat it Frysk net yn 'e macht.

De Pompeblźden 4; okt. '05       Side 42: ferslach fan de de Fryske jongereinśtwiksel fan it FYK mei oare Europeeske minderheden. It FYK is lid fan de YEN, Youth of European Notionalities, en yn dat ferbān wurde ek ferskate saken organisearre. Troch it lid wźzen fan FYK ūntstean freonskippen foar it libben. Foar mear ynformaasje sjoch de thśsside fan it FYK, www.fyk.nl of dy fan de YEN, www.yeni.org.                 Op side 45 in artikel oer it feit dat de Friezen no offisjeel in 'nasjonale minderheid' binne. It 'kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden' is oannommen troch de Earste Keamer.

L.C.; 24 septimber 2005            It giet oer alle organisaasjes dy't harren dwaande hālde mei it omheech hālden fan de Fryske taal en kultuer. De bewegers wurde ālder en de minsken dy't 'De slach by Warns' besykje, wurde allinne mar ālder. Der stean net folle jonge minsken mear op 'e dyk. It is net allegear negatyf, sjoch mar nei it Tomke-projekt en de Frysktalige pjutteboartersplakken, it festival Tsjoch en de Slachtemarathon bygelyks. Neffens Hanna Readbergen fan Warkum hawwe de Friezen in minderweardigheidskompleks en litte se alles foar harren yn Den Haach beslisse. Liuwe Westra fan Lollum soe eins wol śt it keninkryk stappe wolle, krekt as Lśksumboarch destiids dien hat. Fierder wurde de organisaasjes dy't aktyf binne foar de Fryske taal en kultuer, neamd.

L.C.; 24 septimber 2005           In ynstjoerd stik fan Rindert Straatsma op it artikel fan Pieter de Groot. Straatsma seit dat it stasjon noch net passearre is en dat de Steateleden der alle war foar dwaan moatte om de nije kearndoelen yn Den Haach fan tafel te krijen.

L.C.; 16 septimber 2005          Yn 'Dwers' is Pieter de Groot oan it wurd oer de nije kearndoelen Frysk foar de basisskoallen en wat dźr efterwei kommen is. Hy jout yn it stik oan hoe't it gongen is mei de goedkarring fan de nije kearndoelen. Bertus Mulder hat doe drige op te stappen. Pieter freget him ōf of it wiis is fan Tom Dijkstra om troch de gean mei de striid no't der al gjin omkear mear mooglik is.