Skoalle

 

Ofkoartings:    L.C.= Leeuwarder Courant    F.D. = Friesch Dagblad

L.C.; 14 desimber 2007    Yn Freed wurdt omtinken jŻn oan de 65ste Ferstifal, de foardraachkriich foar de jongerein. Der stiet dat it yn de Lawei wÍze soe, mar dat is in fersin, it is yn it PosthŻs op It Fean. Foar dizze gelegenheid hat de organisaasje in boekje ķtjŻn mei allerhanne populÍre gedichten fan it Ferstifal. Fierder wurde der noch twa priiswinners fan eartiids foar it fuotljocht brocht: Nynke Laverman en Mindert Wijnstra. Sy fertelle fan harren Żnderfining en wat it mei har dien hat.

PompeblÍden, nr 5 2007   65 jier Ferstival, populÍrder as ea! Mei in rekord fan 188 moast de organisaasje beslute ta in opjeftestop. Is Fryske poŽzij wier sa ferskuorrend populÍr? In petear mei Jelle Bangma, organisator fan de lÍste 15 edysjes.

L.C.; 27 novimber 2007    Hjoed is it hŻndert jier lyn dat de Provinsje in histoarysk beslķt nommen hat. De earste Fryske lessen mochten op skoalle jŻn wurde, net Żnder de gewoane lestiid, mar dernei. Pieter de Groot fertelt yn 'Harje' hoe't it fan start gong. 

L.C.; 23 novimber 2007    Frysk foar in dei de fiertaal op Liudger Waskemar. De skoalle yn Waskemar organisearret in dei lang allerhanne aktiviteiten foar de bern om yn 'e kunde te kommen mei de Fryske taal. Der wurdt ek in bytsje omtinken jŻn oan it Stellingwerfsk.

L.C.; 27 okt. 2007            De ynspeksje fan it Żnderwiis prebearret in nije metoade fan Żndersyk ķt om de Fryske lessen op de basisskoallen te beoardielen op kwaliteit. No wurdt der eins allinne mar sjoen nei de lestiden en de materialen, mar de ynspeksje wol no ek tasjen op de kwaliteit fan de lessen.

Bolsw. NB.; 10 okt.'07     Riemkje Hoogland-Pitstra, bekend skriuwster fan berneboeken en fan Tomke, hat foarlÍzen by de Żnderbou fan basisskoalle 'De Blinker'. It wie tige spannend want sy hie in koffer fol geheimen meinommen! 

L.C.; 8 oktober 2007        De jeugd fan Skasterl‚n krijt in cd om harren it Frysk eigen te meitsjen. Der binne 1500 cd's ķtdield oan de learlingen fan de Żnderbou fan de basisskoallen. It hat bliken dien dat it gebrŻk fan streektalen hieltyd fierder Űfnimt.

PompeblÍden, nr 4 2007    Begjin dit jier hat de provinsje Frysl‚n besletten ta it oprjochtsjen fan in kommisje foar it Żntwikkeljen fan in kanon Fryske skiednis. Soks as reaksje op de rop yn Frysl‚n om in eigen kanon njonken de krekt fÍststelde kanon fan de Nederl‚nske skiednis. Doel is dat de Fryske kanon yn it Żnderwiis ynfierd wurdt. Foarsitter Rinze Boersma tinkt dat soks in hiel ein mogglik is.

L.C.; 27 sept. 2007           Bern binne al hiel gau by steat om ferskillende talen te learen, dat stelde perfester Kees de Bot juster yn Ljouwert by de 'taaldei' fan skoallebegeliedingstsjinst Cedin. De heechlearaar pleite foar in libben gebrŻk fan ferskillende talen.

Wijd & Zijd; 12 sept. '07   Boargemaster Arno Brok fan de gemeente Snits hat woansdei 5 septimber it sertifikaat 'twatalich pjutteboartersplak' oerlange oan liedster Tineke Poma fan pjutteboartersplak 'It Berneroefke'.

L.C.; 4 sept. 2007             Yn de notaristķn fan Jorwert wienen juster 600 skoalbern by elkoar foar de feestlike iepening fan it nije skoalradio- en skoaltelevyzjeseisoen. De akteurs fan Studio F makken de boel Żnfeilich. Se binne fan no Űf wer alle wiken te sjen.

F.D.; 30 aug. 2007            It is kwakkeljen mei it Frysktalich Żnderwiis. De Friese Poort en it Friesland college wolle gjin taalbelied formulearje. Yn it spesjaal Żnderwiis is der hielendal gjin beliedsmjittige oandacht foar de Fryske taal en yn it fuortset Żnderwiis kieze te min learlingen foar it fak Frysk. Yn it heger Żnderwiis is it ek behelpen.

Friesland post; juny 2007   Linich mei trije talen. It artikel lit Atze Bakker, direkteur fan de trijetalige Haersma Buma skoalle yn Hommerts, oan it wurd. Yn it begjin wie't net altyd maklik en in trijetalige skoalle easket wol wat ekstra fan in learkrÍft, mar de resultaten binne goed. Bern wurde liniger mei mei taal en rinne gjin efterst‚n op by Nederl‚nsk, dat had Żndersyk al ķtwiisd. De provinsje wol it tal trijetalige skoallen de kommende jierren graach groeien sjen. 

PompeblÍden; nr 2, 2007  It projekt Boppeslach, dat fuortkommen is ķt de provinsjale nota Boppeslach (oer it basisŻnderwiis), hat as taak om de kwaliteit fan it basisŻnderwiis yn Frysl‚n te ferbetterjen. Der binne mear as 300 oanfraachformulieren fan skoallen ynkommen om mei te dwaan oan it projekt. Dat wie folle mear as ferwachte en giet fier oer it budzjet hinne. De provinsje betinkt dÍrom seleksjekritearia.                Yn itselde nŻmer in stik oer de taal fan de bern yn Frysl‚n hjoed de dei thķs en op it skoalplein. Yn it ynspeksjerapport Frysk op skoalle stiet dat it trochjaan fan de Fryske taal oan de bern slim yn it neigean is. Foar it brŻken fan it Frysk op it skoalplein giet it noch minder. DÍr stiet foaroer dat de measte bern it learen fan Frysk like wichtich fine as fan Nederl‚nsk.

L.C.; 4 july 2007               It kommend jier krije 87 Fryske basisskoallen ekstra stipe fan de provinsje om Żnderwiisefterstannen te bestriden. It jild komt ķt it projekt 'Boppeslach'. In bedrach fan 30.000 euro giet nei it skriuwen fan in metoade foar meartalich Żnderwiis en 70.000 euro giet nei de Fryske Akademy om te Żndersykjen wat it effekt is fan it projekt 'Boppeslach'.

L.C.; 21 juny 2007            De Feriening Frysk Underwiis freget de Żnderwiisynspeksje en de provinsjale steaten om yn aksje te kommen tsjin basisskoalle 't FoarhŻs yn Drachten. Neffens Dorsman, direkteur fan de skoalle, foldocht hy oan de easken, mar de FFU giet mar troch mei it skriuwen fan brieven dat it net yn 'e oarder is.

L.C.; 14 juny 2007            Harmen Schiphof is de earste Fryske FoarlÍskampioen wurden. Hy sit yn groep 8 fan de Martenaskoalle yn Bitgummole. Fierder waard der de sulveren Berneboekesjueryspjeld ķtrikt oan de skriuwer Mindert Wynstra foar syn ferhaal 'It ‚ld hynder' ķt it harkboek: 'It l‚n achter de heuvel'.  

L.C.; 12 juny 2007            Mindert Wijnsma krijt op 26 juny de NHL Bongelboekepriis foar syn boek "It l‚n efter de heuvel". De earstejiers studinten fan de twaddegraadslerareoplieding Frysk hawwe harren ferdjippe yn de Fryske jeugdliteratuer fan de lÍste pear jier. Wijnstra's boek kaam dÍrby as bÍste boek ķt.

L.C.; 8 juny 2007              Deputearre Jannewietske de Vries hat juster de nije Fryske taalmetoade 'Freemwurk' foar middelbere skoalen yn Żntfangst nommen. De Vries wol in ekpertisesintrum foar Frysk opsette yn gearwurking mei de Fryske Akademy. Dat sintrum moat alle kennis op taalgebiet bondelje. Fierder sil de Vries har sterk meitsje om it Frysk ferankere te krijen yn de GrŻnwet.

L.C.; 8 juny 2007              Modern en foaral foar skoalgebrŻk. Dat waard juster sein oer it juster presintearre Prisma wurdboek Frysk-Nederl‚nsk/ Nederl‚nsk-Frysk. Net alle wurden koenen in plakje krije yn it nije boek. Foaral wurden mei in agraryske eftergrŻn binne dÍr de dupe fan wurden, neffens Jantsje Post, ien fan de fjouwer gearstallers fan it wurdboek. De oplage is earst 6000 stiks en de priis is leger as foar in normaal wurdboek, Ä 8,50. Dat is om 't der aardich wat subsydzje fan de provinsje yn sit.      

L.C.; 6 juny 2007              Fuort mei de stensils en de losse papiereboel. Dosinten Frysk yn it fuortset Żnderwiis kinne fan no Űf oan de slach mei "Freemwurk", in nije metoade Frysk foar de hiele oplieding. Mei dizze metoade wurdt it Frysk miskien wol it modernste fak. De metoade omfiemet wol 25 boekjes, fan vmbo oant gymnasium en fan Żnderbou oant eksamenfak. De koŲrdinatoren Popkema en Jongsma sille de metoade  presintearje op it kongres 'Fierder mei Frysk', dat moarn holden wurdt. 

L.C.; 15 maaie 2007         Minister Plasterk wie op 'e CHN op besite en weage it om syn rede yn it Frysk te h‚lden. Earder hie er him nochal kritysk ķtlitten oer it Frysk, as soe it in dialektyske fariant wÍze fan it Holl‚nsk. Boargemaster Geert Dales hold syn rede ek yn 't Frysk, leard by de AfŻk, sa't er sei en dÍrnei wie it wurd oan de minister. De minister hat syn uterste bÍst dien om Frysk te sprekken, net hielendal sŻnder aksint, sa't er sels sei. De seal wurdearre syn wurden. De hiele tekst is opnommen yn 'e krante Żnder de titel: 'Nije foarmen fine mei beh‚ld fan it goede'. Yn deselde krante in reaksje fan FNP-lieder Johannes Kramer op de rede fan Plasterk. Hy wie tefreden, 'No de kroanprins noch,' wie syn reaksje.

L.C.; 15 maaie 2007          De Fryske Akademy en de CHN wolle tegearre in lektoraat 'Meartaligens yn it Żnderwiis' opsette. Robert Veenstra, foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de CHN, kundige dat juster oan by de besite fan de minister.

L.C.; 12 maaie 2007          Underwiisminister Plasterk komt moandei op 'e CHN en sil in rede yn it Frysk h‚lde. Hy sil syn belofte neikomme sa 't it liket! Yn it ferline hat er him net al te posityf ķtlitten oer it Frysk en hy sil besykje om it op dizze wize wer rjocht te setten. 

L.C.; 4 maaie 2007            Trijetalige skoalle as ķtkomst fan in ieu Frysk. Yn 'Freed' is Jelle Bangma, koŲrdinator fanķt it Taalsintrum Frysk fan Żnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin, oan it wurd oer de 100-jierige skiednis fan it Frysk yn it Żnderwiis. It is tiid foar in feestje, no 't der mei it nije motto: 'Mear talen, mear takomst' in protte sukses helle wurdt. Trijetalich Żnderwiis is net allinne goed foar de bern, mar ek goed foar it Frysk en de Friezen. 

PompeblÍden, mrt. 2007    In fraachpetear mei Alex Riemersma, dy't oant foar koart stÍfmeiwurker wie by it Berie foar it Frysk, advysorgaan foar Frysk taalbelied fan de provinsje Frysl‚n, en no meiwurker fan it nij op te setten Europeesk Mercator Kenniscentrum Meartaligens & Taallearen yn Ljouwert. Alex Riemersma is al fyftjin jier warber op it mÍd fan "lytse Talen" yn Europa. Hy wol Europa nei Frysl‚n helje. 

L.C.; 6 april 2007              Kees Verhaar en Yvonne Westering skriuwe yn 'Te Gast' oer de reaksjes dy't se ķt it hiele l‚n krigen hawwe oer de feterst‚n fan Frysl‚n en harren ferklearring derfoar. De reaksjes ha se yn kategorieŽn yndield.  Guon minsken lÍze yn stee fan efterst‚n, efterlik. Dy minsken binne lÍbich. In twadde groep twifelet oan de feiten. In tredde groep is bang dat mei alle ambysjes it goede fan Frysl‚n fersmiten wurde sil. En dan is der noch in groep dy't fynt dat it wol goed ia sa, lit it mar lekker rÍstich bliuwe yn Frysl‚n. Fansels wienen der ek reaksjes fan minsken dy't it der wol mei iens wienen. Hoe dan ek, Verhaar en Westering roppe de Friezen op om harren k‚nsen te gripen, 'ta eare fann dy ‚lde Fryske grŻn'.

L.C.; 4 april 2007              In ynstjoerd stik fan frou Toorenburg-Warning yn reaksje op it rapport fan Verhaar. Sy hat ek soarch oer de skoalprestaasjes fan de Fryske jeugd. Se fynt dat de ‚lden in heech ambysjenivo neistribje moatte as it giet om de oplieding fan harren bern. In oplieding dy't by je past, jout it bÍste gar‚nsje foar it lok. 

L.C.; 4 april 2007              SŻnt juster kinne de pabŻ-studinten oan de slach mei de dvd 'Frysk oan bod op 'e PabŻ'. It SLO hat de dvd makke yn gearwurking mei de pabŻ's fan de CHN en de NHL. Op de dvd stiet in miks fan teory en praktyk en lit studinten sjen hoe't je Frysk op de basisskoalle jaan kinne. Neffens Bertus Mulder, dy't by de presintaasje wie, is it in geweldige boustien.

F.D.; 3 april 2007              PabŻ-studinten kinne aanst Frysk leare efter de kompjŻter. Hjoed sil in dvd  mei allegear filmfragminten oanbean wurde oan de provinsje Frysl‚n. It is makke foar studinten fan de pabŻ's fan de CHN en NHL.

L.C.; 3 april 2007              Yn 'Te Gast' is Jan van Dam oan it wurd oer de efterst‚n fan Frysl‚n. Hy is it net iens mei de Żndersikers Verhaar en Westering. Der is te folle omtinken foar de faktor ynkommen en wurkleasens. Faktoren sa as romte, in minder ferstÍdelikte wenomjouwing dogge net mei. Fryske bern kinne noch bŻtendoar boartsje. Nee, it rapport is yn syn eagen net yn lykwicht.

L.C.; 3 april 2007              Hieke Postma-Veenstra, ‚ldweth‚lder fan Achtkarspelen en lid stjoergroep Frysk yn it Żnderwiis,  reagearret op it Żndersiik fan Verhaar. Wy hawwe in oare opfetting: yn dat Frysk-eigene leit krekt de krÍft. Achtkarspelen hat in protte ynfestearre yn de basisskoallen en foaral de pjutteboartersplakken. Se neamt in rige fan saken op dÍr't ķt blykt dat de provinsje in protte dien hat op it gebied fan taalbelied. Verhaar hie him better op 'e hichte stelle moatten fan de foarderingen dy't der sŻnt 1997 makke bin.

L.C.; 29 maart 2007          Undersikers fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten, Verhaar en Westering, stelle fÍst dat der in protte efterst‚n is yn Frysl‚n. Dat betsjut: lege ynkommens, hege wurkleasens en in leech opliedingsnivo. Se ferklearje dat it komt troch 'it Frysk eigene', de kultuer. It provinsjebestjoer nimt Űfst‚n fan de ferklearring fan de Żndersikers. Neffens Admiraal is it ferkeard om kultuer te ferbinen oan efterst‚n. De Fryske taal wurdt ek noch efkes neamd, om't it Frysk it meast brŻkt wurdt troch minsken oan de Żnderkant.

L.C.; 27 maart 2007          De nije metoade foar Frysk, Studio F, wurdt brŻkt op 150 basisskoallen en noch ris sa'n 150 skoallen hawwe in startpakket oanfrege om de metoade te prebearjen. Groep 6 fan 'It Nijdjip' yn Grou brŻkt it materiaal fan groep 5, om 't dat fan groep 6 der noch net is, mar master Wagenaar fynt it al pittich genŰch. De bern kinne no op 4 ferskate nivo's mei it Frysk te set. De bern komme oan it wurd en master is goed te sprekken en tinkt dat de metoade foar in ferbettering soargje sil yn it Fryske Żnderwiis.

L.C.; 21 maart 2007          Trijetalige skoalle moat it Frysk rÍde. Ald-Żnderwiisynspekteur Sikko de Jong komt oan it wurd yn 'de Moanne'. It hat striemin west mei it Frysk en ķt Żndersyk hat bliken dien dat 35% fan de skoallen Frysk jouwe om't it wetlik ferplichte is. De Jong hat wurdearring foar it rÍchsekje Frysk dat de provinsje jonge ‚lden yn 'e takomst jaan. wol, mar de rÍding fan it Frysk sjocht er yn it trijetalich Żnderwiis. 

L.C.; 20 maart 2007          Fryske skoallen en beliedsmeiwurkers moatte mear helderheid krije oer de easken fan it Frysk yn it Żnderwiis. Bertus Mulder wol der mei nei de Raad van Europa yn Straatsburg. Mercator hat yn s‚n lidsteaten fan de E.U. yn kaart brocht hoe't der mei de minderheidstalen omgien wurdt. Nederl‚n tekene foar in substansjeel plak yn it basisŻnderwiis. Dat soe del komme op seis oeren Frysk yn 'e wike. Foar it fuortset Żnderwiis tekene ķs l‚n foar in leger nivo. Yn de praktyk sjogge wy der net folle fan werom en de ynspeksje hat de plicht om der op ta te sjen, mar it komt net folle fierder dan in advys. Mulder wol ķtsykje wat 'substansjeel' no krekt ynh‚ldt. Neffens Mulder soenen wy it wol better dwaan kinne en hat Nederl‚n noch in triuwke nedich. 

L.C.; 16 febrewaris 2007   Karel Gildemacher skriuwt in stikje oer taalefterst‚n yn Freed. Alle dagen heart of lÍst men hast wol wat oer it Żnderwiis yn Frysl‚n. Eartiids soe alles better wÍze, mar eins witte wy wol better. De taalefterst‚n soe komme troch net-westerke bern en bern ķt beskate sosjaal minder sterke fermiddens. Noch efkes en dan komt de wittenskip mei ķtspraken dat it net ferstannich is om Frysk te praten mei de bern, nettsjinsteande alle iisberchmodellen dy't frysksinnige lju brŻkt hawwe om it begrip meartaligens ķt te lizzen. Soe it safier komme? Ofwaaid praat!

L.C.; 15 febrewaris 2007   It oantal Frysktalige pjutteboartersplakken groeit hurd. Der binne al 55 fan sokke plakken en dat is fiif kear safolle as fjouwer jier lyn.

L.C.; 2 febrewaris 2007     Op basisskoalle 'De Twilling' is fan 'e moarn it startskot jŻn foar de Fryske Berneboekesjuery 2007. It is de bedoeling dat de bern fan 't jier it bÍste bisteferhaal kieze ķt in tal boeken: 'Oeral bisten' fan Machiel Braaksma, 'It l‚n achter de heuvel' fan Mindert Wijnsma en "Kening Aap' fan Auck Peanstra.

L.C.; 29 jannewaris 2007   Pyt Kramer pleitet yn in ynstjoerd stikje foar mear omtinken foar taal yn de thķssituaasje. Der slŻpe hieltyd mear flaters yn de taal fan de bern, de ‚ldelju wurde der Żnwis fan, om't hja tinke dat se soks op skoalle leard hawwe. Wy moatte wer optrede tsjin de flaters om de ynternasjonale konkurrinsje oan te kinnen.

L.C.; 27 jannewaris 2007   De gemeente Littenseradiel jout Ä 22.500 ķt foar de nije metoade Frysk foar it basisŻnderwiis. It jild is bedoeld om de Fryske taal te stypjen.

L.C.; 26 jannewaris 2007   Pieter de Groot skriuwt yn 'Dwers' in reaksje op it stik fan Dirk Huizinga fan 19 jannewaris. De Groot hellet alle arguminten foar goed taalŻnderwiis yn in twatalige situaasje wer ris ķt 'e kast en heakket der noch in medysk argumint oan ta. Meartalige minsken wurde letter demint as ientalige. Men ha't dus twa kear profyt fan twataligens. Oan it begjin en oan de ein fan it libben.

L.C.; 25 jannewaris 2007  Janke Zijlstra skriuwt in ynstjoerd stik as reaksje op it stik fan Huizinga. Se wol de Fryske taal rÍde troch yn de Żnderbou fan de basisskoalle it Frysk as earste taal oan te bieden en de Nederl‚nske as twadde.

L.C.; 19 jannewaris 2007  De delgong fan de Fryske taal wurdt net opkeard troch it yntinsifearjen fan it taalŻnderwiis. Dirk Huizinga oan it wurd yn 'te gast'. De provinsje docht der alles oan om de taal te rÍden, mar Huizinga sjocht der net folle heil yn. 

L.C.; 16 jannewaris 2007  'Songfestival' mei Fryske teksten foar learlingen fan it fuortset Żnderwiis. Cedin organisearret ien en oar yn gearwurking mei Omrop Frysl‚n. It is de bedoeling dat learlingen in Fryske tekst skriuwe op in besteande melody. De earste finale is fÍststeld op 10 juny.

L.C.; 14 desimber 2006     Frysl‚n easket selsbeskikking oer it Frysk. De soarch foar it Frysk op skoalle moat in saak wurde fan de Fryske bestjoerders.

L.C.; 9 desimber 2006       Nei in Fryske Kanon foar it Żnderwiis. It wurdt tiid om ta in eigen Fryske kanon foar it Żnderwiis te kommen. It giet derby om learynh‚lden en net om dizige doelen. Artikel skreaun troch Pier Bergsma, foarsitter Pedagogysk Wurkferb‚n fan de Fryske Akademy.

L.C.; 2 desimber 2006       It Bogerman College en it Dockinga College sille lessen Frysk jaan fia in byldferbining. Hja wolle op dy manier mear eksamenkandidaten foar it fak Frysk sjen te krijen.

De PompeblÍden 5; des. '06 Side 65: Trijetalich basisŻnderwiis is goed foar meartalige learlingen. Dat docht bliken ķt it Żndersyk fan de Fryske Akademy nei de learopbringsten op s‚n trijetalige skoallen yn Frysl‚n. De s‚n skoallen binne op 26 septimber 2006 sertifisearre. Taalsintrum Frysl‚n sil in netwurk opsette en nije trijetalige skoallen begeliede.              Yn itselde nŻmer in stik oer in grutskalich provinsjaal Żndersyk nei it Fryske Żnderwiis dat Żnder lieding fan Jehannes Ytsma ķtfierd is. Fierder yn dit blÍd in stik oer it Underwiisk‚nseplan Frysl‚n 2002 - 2006. Skoallen mei Żnderwiisefterstannen hawwe hjir oan meidien en binne fasilitearre. Der is in soad berikt.

Bern; novimber 2006          Side 10: Jonge bern leare probleemleas twa of trije talen tagelyk. Sieneke Goorhuis-Brouwer leit ķt dat in bern goed Űf is mei in twatalige opfieding. Twa- en trijetalige skoallen binne goed foar it bern, salang de taal mar keppele is oan in persoan of tiidstip.

De PompeblÍden 4; okt '06  Side 46: In ferslach fan it jierlikse FUEN-kongres , in Europeeske organisaasje fan nasjonale en taalminderheden dy't advizen jout oan de Ried fan Europa. De sitewaasje fan minderheden is wakker Żngelyk. Wiidweidige ynformaasje oer de sitewaasje yn it Żnderwiis is te finen yn it desimbernŻmer fan 'Swingel', it tydskrift fan de Ried fan de Fryske Beweging.

L.C.; 18 oktober 2006       De PabŻ' s fan NHL en CHN gean de merk op mei digitale lessen Frysk foar it basisŻnderwiis. De cd-rom 'Mei Pier op aventoer' is bedoeld foar groep 5 oant en mei 8.

L.C.; 23 septimber 2006     Skoares op trijetalige skoallen binne better. Ut Żndersyk fan de Fryske Akademy docht bliken dat de skoares op Nederl‚nsk gelyk binne oan gewoane skoallen. De behearsking fan it Frysk is better. Mei it Ingelsk leit it resultaat amper heger.

De PompeblÍden 3;            Op side 10 wurdt ķtlein wat it programma fan 'Studio F' ynh‚ld. Studio F is it nije metoade Frysk foar de basisskoallen. It is basearre op de nije kearndoelen en de learkrÍften kinne differinsearje mei de learstof.

De PompeblÍden 2; juni '06 Op side 24: De Żnderwiis metoade 'Freemwurk' wurdt yntrodusearre. In komplete metoade foar vmbo, havo en vwo. Op side 27 en fierder: Ynteraksje yn 'e klasse op 'e trijtalige skoalle. Ferslach fan in Żndersyk fan de Fryske Akademy, dÍr't resultaten fan trijetalige skoallen ferlike wurde mei 'gewoane' skoallen. It folsleine rapport is te finen op de webstek fan de Fryske Akademy: www.fryske-akademy.nl

L.C.; 5 april 2006                 Provinsje pomp jild in de basisskoallen om taal- en rekkenefterstannen fuort te wurkjen. PabŻ studinten krije help om it foech Frysk te heljen. Oant 2010 giet it om in bedrach fan Ä 10,6 miljoen.

De PomeblÍden 1; mrt '06    Yn dit nŻmer in ynterview mei Anita Osterloo en Harry Paus dy't dwaande west ha mei it Żntwikkeljen fan it nije learplan Frysk foar it primÍr Żnderwiis. Minder, mar bettere doelen biede mear takomst foar it Frysk.

F.D.; 18 febrewaris 2006      Taal oerkomt it bern. Spraakpatolooch Sieneke Goorhuis-Brouwer is oant wurd oer it feit dat it oanlearen fan twa memmetalen gjin probleem is foar in bern.

F.D.; 15 febrewaris 2006      Twatalich bern kin folle flugger tinke. Oan de Vrije Universiteit fan Brussel hawwe ha se sjen litten dat de harsens fan twatalige bern better Żntwikkele binne dan dy fan ientalige bern.

De Telegraaf; 14 febr. 2006   Meartalige bern blike tŻker te wÍzen dan ientalige.  Itselde Żndersyk as by F.D. fan 15 febr. '06.

L.C.; 17 jannewaris 2006       Fryske identiteit as kearntaak. Wat moat de Fryske jongerein witte fan de eigen taal en kultuer? Pier Bergsma iepenet de diskusje troch tsien punten op te neamen. Babs Gezelle Meerburg komt mei in wat oar rygje. It is noch mar in begjin.

L.C.; 29 desimber 2005          De ‚ldelju moatte sels freegje om Frysk op skoalle. Neffens Bangma fan it Cedin komt it Frysk net oan de oarder yn it 10-minutenpetear dat ‚lders hawwe mei de learkrÍften. Dat sei er op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings dat yn Frjentsjer holden waard. Bertus Mulder melde noch dat er yn petear is mei de PabŻ's om it Frysk better te ferankerjen.

De PompeblÍden 5; des. '05    Op side 66 in ferslach fan de feriening De Fryske Skoalle dy't him yn de fyftiger jierren bot ynset hat foar it ynfieren fan twatalich Żnderwiis. 'Hoe is it no?', freget Koen Zondag him Űf yn dit artikel.

Bern; novimber 2005              Op side 23 en fierder: in artikel oer meartaligens. Meartaliger: bysŻnder gewoan. Eins is it in brosjuere oer de feiten fan meartaligens. Fragen wurde steld en beantwurde. Op de lÍste side stean adressen fan Frysktalige pjutteboartersplakken en berne-opfang.  Op side 32/33: Boartsjendewei twa talen leare. De S‚nglÍsrige is in oanwinst foar pjutteboartersplakken.

L.C.; 21 oktober 2005            It Frysk fertsjinnet in better plak yn it Żnderwiis. It Frysk hinget der mar wat by yn it Żnderwiis en dat is spitich.  It wurdt heech tiid dat it Frysk in better plak kriget. Meartalichheid is in goede basis foar letter.

L.C.; 20 oktober 2005            Frysk yn in benearjende posysje wylst it net hoecht. Neffens de ynspeksje is it mei it Frysk in soarchlike saak. Ynspekteur Oudeboon ried skoallen oan om ‚ldelju goed foar te h‚lden dat se yn in twatalige provinsje wenje en dat meartalichheid der by heard. Der binne nije doelen formulearre dy't oanslute by ferskate nivo's en der is nij materiaal foar hannen. In ferslach oer de konferinsje yn Oranjew‚ld.

F.D.; 20 oktober 2005             Ferslach fan de Żnderwiisynspeksje. Op de konferinsjedei 'Mear talen mear takomst' yn Oranjew‚ld, die Jan Oudeboon in boekje iepen oer it Żnderwiis Frysk op de basisskoallen. Net al te bÍst!

L.C.; 19 oktober 2005             Al fÍst in lyts stikje fan de moarnsoeren fan it kongres dat holden waard yn Oranjew‚ld. It giet hjir oer de posysje fan de streekktalen op de skoallen.

L.C.; 6 oktober 2005               In soad leararen Frysk hawwe gjin foech om it fak te jaan. De status fan it fak is it grutste probleem. Fan de leararen Frysk yn de Żnderbou fan it fuortset Żnderwiis hat 36 presint gjin foech om it fak te jaan.

De PompeblÍden 4; okt. 2005  Yn dit nŻmer in oprop fan it taalsintrum Frysk om nei de unike foarljochtingsjŻn oer taal te kommen. Fergees! Mei film en fleurich kabaret.

F.D.; 29 septimber 2005           Aldelju krije gauris in ferkeard advys as it giet oer meartaligens. It Żntbrekt de beukerlearkrÍften oan kennis fan meartaligens. Se hawwe net yn 'e gaten dat de memmetaal tige wichtich is.

L.C.; 22 septimber 2005           Frysk op skoalle moat mei mear waarmte, leafde en fjoer brocht wurde en de foarljochting oer twataligens moat better. Dat is de stringe opdracht dy't by it besprek fan de oanpaste notysje op it aljemint kaam. Bertus Mulder moat der mei oan de slach.

L.C.; 24 augutus 2005               Frysk net ferplichte foar ymport-learaar. Maria van der Hoeven, de Żnderwiisminister, hat dat sein op fragen fan de Kristen Uny. Skoalbestjoeren easkje ek noch net dat in learaar it foech Frysk hat. Van der Hoeven sjocht it net ta har taak om it Frysk te promoaten, dat moat de ragio sels dwaan.

De Volkskrant; 11 aug. 2005     Frysk kriget linkendewei mear status. In stikje oer de skiednis fan de Fryske taal. Fierder op deselde side de top 15 fan moaiste Fryske wurden en in reportaazje oer meartaligens, dÍr't Bangma en Goodyk fan it Cedin yn oan it wurd komme.